Polityk skokt troch dea militêr

© Omrop Fryslân
De dea fan de 36-jierrige sersjant fan Frjentsjer yn Irak waard tiisdei troch fisepremier Thom de Graaf in 'verschrikkelijke schok' neamd. Ek Twadde Keamerlid Tineke Huizinga fan It Hearrenfean neamt de dea fan 'e militêr ferskriklik. Huizinga wol dat der in nije feilichheidsanalyze makke wurdt om goed yn te skatten hoe gefaarlik as it krekt is yn Al-Muthanna.
CDA en VVD fine dat de Nederlânske militêren yn Irak bliuwe moatte.