Bunker iepen foar publyk

© Omrop Fryslân
De hege bunker oan de Prins Bernardwei op Skiermûntseach moat iepensteld wurde foar publyk. Dat fersyk komt fan Natuurmonumenten. De bunker waard yn 1942 boud en is nei de oarloch foar in grut part folstoart en tichtmetsele.
De bunker wurdt no brûkt as útsjochpost. De kommisje foarljochting en edukaasje op it eilân stiet achter de plannen. De kosten binne noch ûnbekend.