Regels fan it lânbouministearje

© Omrop Fryslân
Bûten Ie om, dat ûnder in tafersjochgebiet falt, jildt de kompartiminteregeling fan it lânbouministearje. Dat hâldt yn dat ferfier fan alle fee ferbean is.
Bosk-, natuer- en rekreaasjeterreinen, dêr't evenhoevige bisten rinne, moatte foar besikers ôfsluten wurde. It hâlden fan grutte eveneminten wurdt ôfret. Besikers oan bedriuwen mei evenhoevigen moatte kontakt mei de bisten mije.