Training Hearrenfean besletten

Besletten training Hearrenfean © Omrop Fryslân, Arjen de Boer
Marco van Basten hat freed op it lêste momint de training fan SC Hearrenfean fan dy dei in besletten karakter te jaan. Sawol parse as supporters hawwe gjin tagong.
Op 'e parsekonferinsje sei Van Basten dat in oanfarring mei in kameraploech fan de NOS de reden wie fan de besletten training. "Maar je hebt niks gemist hoor, we waren aan het handballen en hebben Monopolie en Stratego gespeeld", sei seit Van Basten mei in knipeach.
De seleksje fan Hearrenfean riedt him ta op de lêste kompetysjewedstryd foar de winterstop. De ploech stiet der yn de kompetysje net goed foar mei 15 punten út 17 wedstriden. En dat is mar 4 mear as de nûmer lêst Willem II. De druk om degradaasjefuotbal te ûntrinnen nimt dêrtroch mei de wike ta.