Frou by Baard ûnder in trekker

Op de Fâldenserwei by Baard is moandeitemiddei in fytster oanriden troch in trekker. De bestjoerder fan de trekker moast útwike foar in auto en koe de frou net mear ûntwike. Omstanners hawwe it slachtoffer earste help bean en it personiel fan de ambulânse holpen. De frou is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje ûndersiket it ûngelok, de Fâldenserwei wie dêrfoar in oantal oeren ôfsletten.