Jong Oranje hurd ûnderút

Jong Oranje is woansdeitejûn yn it Cambuur stadion hurd ûnderút gean tsjin Italië. De Italianen wienen folle better. Jong Oranje, dat in hiel protte spilers miste troch blessueres, kaam der net oan te pas. Insigne, Immobile en Florenzi setten binnen 45 minuten de einstân fan 0-3 op it boerd. It wie foar de fyfde kear dat Cambuur in wedstriid fan Jong Oranje yn it stadion hie. De oare fjouwer kear wie der winst foar Jong Oranje. De Cambuur direksje wie nei ôfrin tige tefreden oer it organisearjen fan dizze oefenynterlân.