Stellen boat werom nei eigener

Foarbyld fan in consoleboat
Mei de oanhâlding fan in Snitser (35) hat de plysje de stellerij fan in saneamde consoleboat út de haven oan de Kúkhernsterwei by De Westereen oplost. De boat waard yn de nacht fan 26 op 27 juny stellen. De eigener seach syn eigen boat letter werom op in ferkeapwebsite. Tagelyk krige de plysje in tip fan in tsjûge dy't de boat lizzen seach.
De fertochte moat meikoarten foar de rjochter komme. De boat giet werom nei de eigener.