Dealer oppakt op Hearewaltsje

Himp © Omrop Fryslân
Op it Hearewaltsje yn Ljouwert is tiisdeitejûn in man (20) út Kollumersweach oanhâlden foar hannel yn softdrugs. In pear plysjeminsken seagen dat hy drugs ferkocht en besleaten him oan te sprekken. Yn syn klean waarden santjin pûdsjes hasj en weed fûn. Ek hie de man in weechskaaltsje by him.
De man is oanhâlden en yn de sel set. De drugs en de weechskaal binne yn beslach nommen.