Fierljeppen 2017

De fierste ljeppers fan Fryslân

  • De winnende sprongen fan de senioaren, junioaren en de froulju
  • It FK fierljeppen yn Winsum fan 12 augustus 2017

Dêr wolst it net mei oan de stôk krije!
Fleane yn 'e polsstôk, nei de top klimme en safier as mooglik útspringe op it sân oan de oare kant fan de sleat. De wedstriden dy't fan it simmer sprong wurde, belove wer in hiel spektakel te wurden. Wa set in nij rekôr? Op sneon 12 augustus 2017 wie it FK fierljeppen live te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en ynternet. Wy sitte boppe-op de earste oant en mei de lêste sprong en bringe dy op 'e hichte fan alle nije, ûnferwachte, nuvere en moaie dingen.

(advertinsje)