Fierljeppen

FK Fierljeppen

    Omrop Fryslân docht sneon 4 septimber streekrjocht ferslach fan it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum. Fan 13.30 oere ôf is it FK live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Op radio hearst ek live ferslach fan de bekendste fierljepwedstriid fan Fryslân.

    Favoriten by de manlju binne Oane en Ysbrand Galama, en Nard Brandsma. By de froulju binne Marrit van de Wal, Tessa Kramer en Sigrid Bokma de kânshawwers foar de Glêzen Ljepster.

    Fierljep kafee

      Op freed 3 septimber jout Omrop Fryslân in foarútblik op it FK yn it Fierljep kafee. Mei nijsgjirrige ferhalen út it ferline, skerpe analyzes, muzyk en in foarútblik op it FK. It Fierljep kafee is live op radio tusken 18.00 en 19.00 oere. Presintaasje is yn hannen fan Gerrit de Boer mei side-kick Hendrik Murk Haanstra.

      Ekstra livestreams

        Neist it populêre FK fersoarget Omrop Fryslân dizze simmer ek fiif ekstra livestreams fan it fierljeppen. It giet om wedstriden op sneon 17 july, sneon 31 july, sneon 14 augustus, sneon 21 augustus en freed 27 augustus. Alle streams binne te sjen fia Omropfryslan.nl.

        Fierljep nijs

          Omrop Fryslân folget it fierljeppen op 'e foet. Yn dit dossier wurde alle nijsberjochten oer it fierljeppen sammele.

          (Advertinsje)