Fiel de Nacht

Hoe soesto dyn moaiste nacht trochbringe wolle? Dat is it útgongspunt fan it nije livestream-programma Fiel de Nacht, wêryn’t presintator Bart Kingma alle nachten in gast ûntfangt. Earne yn de ‘middle-of-nowhere’ fan Flylân sille Bart en syn gast ta inoar feroardiele wêze en bringe se de nacht mei-inoar troch. It programma rint fan snein 19 oant en mei tongersdei 23 juny, fan 21.00 oere jûns oant 6.00 oere moarns. De livestream is alle nachten te folgjen op finsteropfryslan.frl. Der wurde ek blogs byhâlden oer dit unike eksperimint. 

  

De gasten binne:
19 juny:           Direkteur fan Arriva Anne Hettinga
Hy stiet oan de top fan in grut bedriuw, mar hy hâldt en draacht him net as in echte sakeman. In libbensgenieter, in bon vivant, in emosjonele man miskien sels? Wat driuwt sa'n persoan om him te bewegen yn in wrâld dy't oan inoar hinget fan sifers en logistyk, yn in bedriuw dat driuwt op effisjinsje en kostenbehearsking? Spilet minsklikheid in rol yn it direkteurskip fan Anne Hettinga? En wat is eins it takomstfisioen, it heechst helbere foar in iepenbier ferfiersbedriuw?

20 juny:           Skriuwster en aktiviste Aggie van der Meer
Wêrom skriuwt in frou op har 88e noch yngewikkelde psychologyske romans dy't oer fan alles gean behalve âlderdom en de dea? Wat driuwt in heechbejierre om noch flamjende diskusjes oan te gean mei bestjoerders, lilke brieven te stjoeren nei kranten, op it skerpst fan de snede debattearje te wollen oer polityk en religy? Wêrom in libbenslange idealist en prinsipieel strider foar gerjochtichheid wêze wolle? Is dat miskien ek in flecht foar de realiteit?

21 juny:           Arsjitekte Nynke-Rixt Jukema
Hoe is it om as jonge beloftefolle arsjitekte te begjinnen, en in pear jier letter yn it sintrum fan de kultureel-maatskiplike diskusje fan Fryslân te stean? Wêr komt har passy foar it Fryske lânskip wei? En kin in arsjitekt wol ite fan dy passy? Moat se net gewoan huzen bouwe? Hoe sjocht sy de takomst fan Fryslân, lânskiplik en kultureel? En wat hat sy mei de nacht, dat se dêr in kompleet projekt foar opsetten hat om ús de nacht belibje te litten?

22 juny:           Sjonger Jack Bottleneck
In suksesferhaal is oansteande, hopet er; boud op in ferline fol ellinde, twivel, pine, ûnwissens en ferslavingen. Hat er dat ferline nedich hân om no te stean wêr't er stiet? Kin hy echt lanlik en ynternasjonaal trochbrekke, en kin er dy wielde drage? Wat binne syn ambysjes, en binne dy dreaun troch it langjen om wat sjen te litten, wat rjocht te setten? Hoe kwetsber is in eks-ferslave, en kin hy syn eangsten en gefaren oerwinne?

23 juny:           Ald-deputearre fan Fryslân Jannewietske de Vries
Hoe grut is de teloarstelling fan in frou dy't har yn in pear jier tiid ûntwikkele as in boechbyld fan Fryslân, mar dêrnei spikerhurd ôfskoudere waard? Hat har driuw om de provinsje foarút te helpen altyd ynteger west of is se fallen yn it mes fan eigen ambysjes en misrekkening? Of siet se gewoan by de ferkearde partij? En hoe hat se harsels wer weromfûn, nei in dramatysk jier. Sille we har ea weromsjen yn bestjoerlik Fryslân? En der wie noch wat mei in Kulturele Haadstêd...

(advertinsje)

    Fiel de Nacht wurdt alle nachten streamd op finsteropfryslan.frl. Finster op Fryslân is in online platfoarm mei as reade tried de tema’s en projekten fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. It platfoarm is in inisjatyf fan De Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, GPTV en Omrop Fryslân en wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

    De krêft fan de nachtsesjes komt letter nochris in kear nei boppe wannear’t de opnamen gearfette wurde ta kompakte ôfleveringen. Dy ôfleveringen wurde om de krystdagen hinne, by útstek de perioade fan tsjustere nachten en besinning, útstjoerd op Omrop Fryslân Telefyzje.

    (advertinsje)