Blog Fiel de Nacht

Presintator Bart Kingma sil fiif dagen lang ’s nachts libje op yn de tsjusterte fan Flylân. Alle nachten docht hy om 21.00 oere de doarren iepen om in gast te ûntfangen. Fia in livestream op Finsteropfryslan.frl is te folgjen hoe’t Bart en syn gasten de nachten trochbringe, fierder hâldt hy ek in blog by.

Lês hjir Bart syn blog oer syn nachtlike aventoeren

(advertinsje)

Tongersdei 23 juny: Enerzjy

Hearlik sliept, hjoed. En dêr fiel ik my suver skuldich oer, nei in nacht wêryn't Jack Bottleneck fertelde dat hy yn elke sliep opjage wurdt troch demoanen út syn ferline. Hearlik sliepe is wat dat hy eins nea meimakket. Altyd ûnrêst, altyd yn gefjocht. Syn ferhalen snije troch de siel.

Fannacht de lêste nacht. Ergens om in oere of seis moarnier, as de freed kimet, giet by ús it ljocht út. Dat is goed, want hiel lang is sa'n projekt net fol te hâlden. Dêr is it te swier foar, foar de hiele crew. Dus ja, it is goed om aansen op te brekken. Mar ik sjoch der ek tsjin op. It wiene sokke magyske nachten, om allegearre redenen. De yntensiteit fan dizze nachten is sa grut, de enerzjy dy't we deryn stekke mar foaral de enerzjy dy't we weromkrije is fan sa'n oarder, dat wy as crew oprjocht fan in ûnferjitlike wike doare te sprekken. Ik hoopje mar dat dat ek foar de sjoggers op ynternet en letter op tv wat oerkomt.

En we laitsje noch, en we helpe elkoar noch, en we fiele elkoar noch oan. En we prate noch net oer moarn, oer de dei wêrop't alles achter de rêch is.
Ien nacht noch.

Woansdei 22 juny: Fjoer ûnder kontrôle

Eangst foar fjoer en eangst foar wetter. Dat wie ien fan de earste saken dêr't Nynke Rixt en ik oer kamen te praten, justerjûn. En hoe't je eangsten oerwinne kinne. Troch se ûnder kontrôle besykje te krijen of om dy mar gewoan oer te jaan oan wat der bart. Dat lêste is wat sy kin - de boel loslitte, net bang wêze om it mar gewoan barre te litten.

Ik sil it yn acht nimme, as Jack Bottleneck en ik aansen de nacht yn geane. Want it waarberjocht hat it oer swiere buien, mei hagel en tonger, wetteroerlêst. En ús studio is noch net iens hielendal drûch fan alle wetter fan moandei... Dus ik meitsje my soargen. We besykje ús wat ta te rieden op dit ûnheil, mar sûnt moandei witte we eins al dat we it wetter net bûtenhâlde kinne as it mei bakken oer ús hinne komt.

Under kontrôle krije we it waar net. Dus we sille de wurden fan Nynke Rixt mar yn acht nimme: net bang wêze foar it ûnbekende, lit it mar op dy ôfkomme. Yntusken sjogge we út nei de komst fan Jack Bottleneck. As it mei him krekt sa boeiend wurdt as mei Nynke Rixt, Aggie en Anne, dan hoege we nearne bang foar te wêzen.

Tiisdei 21 juny: Gouden minsken

Nachts wurkje betsjut oerdei sliepe. Dat is hjoed net sa bêst slagge. Dat lei net oan it bêd of it sliepplak, dat is de skuld fan Aggie van der Meer. Mei har anekdoates, har emoasjes, har teksten, har krêft en orizjinaliteit hat sy my fannacht safolle meijûn dat myn holle fan 'e moarn sawat út elkoar klapte en ik yn bêd mar net ta rêst komme koe.

Gelokkich litte de kollega's my gewurde, sadat ik my noch wat deljaan kin. Begjin fan 'e middei wiene se allegear alwer warber. Martin en Timo preparearje de studio en de apparatuer alwer foar jûn, Gerard is drok oan it beljen en regeljen dat alles en elkenien op tiid te plak komt, Jan makket bylden fan it eilân en de oankomst fan de folgjende gast, Nynke Rixt Jukema.

Ik sjoch nei myn kollega's, de ynmoed en wille wêrmei't se dizze klus dogge, de grappen en bemoedigjende opmerkingen dy't ynset wurde om mei syn allen yn de goeie sfear te kommen. It binne geweldige keardels. Ast se wurkjen sjochst soest bidde dat dat soarte fan fakminsken mear wurdearre wurde ynstee fan hieltyd wer op listjes te bedarjen fan mooglike slachtoffers fan besunigingen.

Geweldige kollega's, prachtige gasten. Wat is dit in moaie wike. Ik hoopje dat ik it fysyk folhâld en net sloopt wurdt troch gebrek oan sliep. Oan Martin, Timo, Gerard, Jan, Anne, Aggie, en grif Nynke Rixt, Jack en Jannewietske kin it net lizze.

Gouden minsken.

Moandei 20 juny: Wyn en wetter

In hiele nacht trochhelje, dat rêdst net op in kop kofje en in hânfol pinda's. Dus de kuolkast sit fol mei iten en drinken. Mar frjemd genôch hawwe we dêr beide gjin sin oan. En sa bringe Anne Hettinga en ik de nacht benammen troch op wyn en wetter. In soad wetter, in bytsje wyn. Dy is dêr bûten fierstente folle. De súdwester giselet geandewei hieltyd hurder om de studio en pleaget ús troch de siichgatten. Noflik waarm is it net echt, mar it giet.

It earste dat kollega's Martin, Timo, Jan en Gerard hjoed oantreffe om de kommende nacht ta te rieden, is wetter. De flierbedekking hat him folsûge mei it reinwetter dat troch naden en kieren binnenkaam is. Koartsluting, stroom derôf. Bale. Twivel. Hoe dit op te lossen? In heater oanrukke litte, alle stopkontakten trochmjitte, apparatuer ôfdrûgje en checke. En sa hat elk it ynienen smoardrok om dizze tsjinslach oan te kinnen.

Geandewei sil it waar fan 'e wike hieltyd moaier wurde, is ús tasein. Gelokkich mar, want in hiele wike trochbringe op wyn en wetter, da's wol in hiel soad frege.

Snein 19 juny: Klear foar?

Do wolst it sa graach sizze kinne: "Ja hear, bin der hielendal klear foar. Kom mar op!" Sa soe 'k dit stikje ek wol begjinne wolle. Mar bin ik der klear foar? Om earlik te wêzen... ik ha gjin flau idee. Fiif nachten trochhelje mei fiif minsken dy't ik net of net goed ken. Soe dat wol slagje, soe dat wol boeiende tv opsmite? Ik hoopje it mar.

Fannacht ha we oant let oan it proefdraaien west. De lokaasje is prachtich, de studio is in skitterjend beaken yn it tsjuster, it opkommende en ôpgeande seewetter en de ljochtskynmoanne meitsje de sfear ydillysk. De kamera's steane goed, it ljocht hinget, de mikrofoans steane te plak. Ljochtman Maarten, techneut Martin, kameraman Jan, regisseur Timo en redakteur-en-regelneef Gerard leverje fantastysk wurk.

Der kin neat mear misgean, eins. Der is ien lyts probleemke... we ha juster de hiele dei en de ôfrûne nacht dus oant yn de lytse oerkes wurke. En we binne allegear drok yn de kop fan de spanning, dus we ha fannacht net folle sliept, wienen fan ‘e moarn allegear alwer betiid wekker. En dat fiele we yn de skonken, yn de lea, yn de holle. En dan moat it echte wurk noch begjinne...

Mar ach, sa giet soks eins altyd mei dingen dy't spannend binne. It heart derby. Sûnder dy spanning soe it ek hielendal net leuk wêze. Dus: ja hear, kom mar op!

Jûn om 21.00 oere geane we los mei de earste gast. Anne Hettinga fan Snits, direkteur fan Arriva. Folgje it live op finsteropfryslan.frl.

(advertinsje)