Blog Fiel de Dei

Ferslachjouwer Remco de Vries is as iennige fan it team oerdei wekker om in blog by te hâlden mei foto’s oer de natuer op it eilân. Hy wurket dêr oan it projekt: ‘Fiel de Dei’. In dokumintêre oer de natuer yn de simmer en winter op Flylân dêr’t mins, bist en plant alle dagen ‘passanten’ binne.

Lês en sjoch hjirûnder nei de blog: Fiel de Dei

(advertinsje)

Freed 24 juny 2016

  • Fiel de dei

Sa as jimme sjen kinne by it blog fan juster is it my dochs slagge om in Heidehipper der op te krijen. Mei jong dat om fretten freget! En eins wol ik it ek oer juster ha, want nei it publisearjen fan myn bydrage hjir, bart der fansels noch wol it ien en oar. Om't it let yn 'e jûn barde, wie der fan 'e moarn net in hiel soad te rêden. Al wie it wol grappich om no al de tredde doarpsgenoat tsjin it liif te rinnen! Mar werom nei justerjûn. Doe wie ik yn myn elemint, want ik mei hiel graach bylden meitsje oan de kust. Yn dit gefal op it strân en in strekdaam oan de Noardsee. En wylst it ljocht útgong en fiskers mei in gefolch fan seemokken de horizon trochkrústen waard dat ljocht hieltyd moaier. Weagen sloegen mei in stadich ritme kapot op sân en stien. En dêr tusken yn stie ik mei myn learzen en in kamera. Betiden hastich om alles der út te heljen wat der yn sit, want sûnder ljocht wurdt it in stik dreger. In moaier wurkplak kin ik my hast net betinke.

Dit is de lêste bydrage fan Flylân wei. De mannen fan de Fiel de Nacht geane wer werom nei it fêste lân, mar ik bliuw hjir noch efkes. Der binne noch in pear saken dy't ik dwaan wol. As it goed komt, bin ik moarn op de Vliehors om de kamera te rjochtsen op fûgels dy't fol risiko dêr ticht tsjin de see oan sitte mei jongen. As see en wyn it talitte.

Tongersdei 23 juny

Offisjeel hawwe Bart Kingma en syn kollega's de nacht en ik de dei, mar mei de langste dei noch mar krekt foarby bliuwt der ek yn de nacht noch wat deiljocht te sjen. Nei in net sa súksesfolle jacht op de heidehipper (Tapuit) dy't ik al sjoen ha, mar noch net op fideo krigen ha, bin ik justerjûn de Rug van het Veen ynwest. In gebiet dat beweide wurdt en dêr't net in soad minsken komme. Mar wat is it dêr moai. Seker yn it lêste ljocht fan de dei. De foto's kinne noch better bewurke wurde, mar om wat in ydee te jaan, ha ik der twa by dit blog stean. Doe't it yn 'e fierte begûn te wjerljochtsjen, bin ik fuort gongen. Op 'e top fan in dún stean mei ûnwaar en in karbon statyf is net in hiel goed ydee...

Woansdei 22 juny

It fielt bytiden as fakânsje, omdat safolle minsken om dy hinne genietsje fan harren frije tiid, mar dat is it net. Nei in lange dei mei ynterviews op bysûndere plakken tôge ik juster let op 'e jûn nei de ploech fan Fiel de Nacht oan it Waad. Ik moast in kamera kwyt dy't net mear nedich wie en dy't my suver yn it paad siet. Dêr yn de rezjywein seach ik prachtige bylden fan fiskers ûnder de kust. Mannen dy't as sylhûetten tsjin it fûle keunstljocht op harren boat in net ynhellen. De mannen yn de wein fûnen it prachtich.

Wat ik dan wer leuk fûn, wie hoe't sy besochten Bart Kingma yn 'e stringen te hâlden. Hy woe bûtendoar sitte mei Nynke Rixt Jukema en sy woene se beide yn it lytse studioke ha, omdat dêr mear kamera's hingje.

En omdat it sa'n lange dei wie, ha ik fan 'e moarn suver wat útsliept. En ik moat der noch wol in oantal kearen ier en betiid ôf om yn it moaie ljocht te besykjen in heidehipper (tapuit) te treffen. Ik ha lykwols der hast nea in fûgel lytser as in tsjirk (tureluur) skerp op krigen. Dus ha ik efkes oefene op piipljurken (graspieper) dêr't hjir in hiel soad fan binne. De heidehipper ha ik lykwols wer net sjoen... Ik begjin my suver wat soargen te meitsjen...

Mar it wichtichste binne hjoed de minsken. Der binne plakken dêr't it drokker is as op oare plakken. En dat spilet in rol yn myn ferhaal. Op ien fan dy plakken sit ik no. Je sjogge der de Waadsee en de Noardsee. En dêr sette de minsken de fyts foar oan 'e kant, wylst op de achtergrûn in piipljurk sjongt.

Tiisdei 21 juny

Myn kamera wie ferkâlden. Justermiddei ha ik him brûkt op in dún by kamping Lange Palen. Op in plak dat bysûnder is foar ien fan de gasten. Dat wit ik omdat ik him dat frege ha en opnaam ha. Oantrune troch my hie hy it oer it opkommen fan de sinne en it útsicht oer it Waad en it eilân. Dat wolle je dan yn byld bringe. En dat foel behoarlik ôf. Want de kamera koe mar ien kant út. Mei de achterkant yn de rein om de lins frij te hâlden fan al dat foarby stowende wetter. Dat hat wol wat opsmiten. Mar gjin sinne dy't ûndergiet. Wol in kamera dy't hjoed yn it sintsje begûn te dampen. Dat barde fan 'e moarn betiid yn de Kroon's polders. Dêr ynterviewde ik boskwachter Carl Zuhorn en besocht briedende leppelbekken fan fier yn byld te bringen. Dat slagge reedlik oant it momint dat de sinne der by kaam. Al it focht yn myn kamera woe der út! Dat manifestearre him earst trochdat bylden der útseagen as oft je troch in beslein rút sjogge. Dêrnei begûn er mei de spegel te klapperjen en ûnder it LCD-skermke siet in laach kondinsaasje. Flylân is in dynamysk eilân en dat is betiden mear as it ark oan kin. Undertusken is alles wer drûch en wurket wer. Gelokkich!

Hjoed gean ik fierder op syk nei natoer en minsken. En wat de miks fan beiden op sa'n eilân opsmyt.

Moandei 20 juny

Op it stuit dat ik dit skriuw, sit ik yn in tinte yn de achtertún fan boskwachter Anke Bruin-Kommerij en Dirk Bruin. It is der drûch en ik ha stroom. As je besykje in dokumintêre te meitsjen mei de natoer yn de haadrol, dan witte je dat je de yllúzje loslitte moatte dat je macht ha oer wat je filmje wolle. It waar en de fûgels binne wol wat te foarsizzen, mar je ha der gjin kontrôle oer. Hjoed wie de dei dat ik mei twa boskwachters op 'en paad soe om ynterviews op te nimmen op fjouwer, miskien wol seis lokaasjes. It ark dat ik dêrfoar brûke wol, kin lykwols mar min oer rein.

De oplossing is om mei te bewegen mei it waar, want in dei net filmje kin súver net. Myn tiid hjir is beheind. Op it plak dêr't ik fan doel wie om it opkommen fan de sinne te filmjen, sil ik no de stowende rein filmje mei ark dat wol oer min waar kin, mar wat minder geskikt is foar ynterviews. En de rein fertelt ek in ferhaal. In eilân yn de sâlte see is der bot fan ôfhinklik. Wy minsken kinne skûlje foar de rein, mar fûgels net. Utsein ien simmergast mei jongen hjir op kemping Lange Palen...

Mar om in ferhaal te fertellen, ha je ek minsken nedich. Minsken lykas Herman Balt út Harns dy't ik juster yn syn stoel ûnder de luifel fan syn tinte op 'e foto sette. Mar ek Gijs Beekhuis út Nieuweroord yn Drinthe. Beide ha ik se frege om in lokaasje dêr't sy graach wêze wolle as de sinne opgiet. En mei wa as sy dêr wêze wolle at dy sinne wer ûndergiet. Dat mocht ek immen wêze dy't der net mear is. Sa komme der spesjale plakken boppe driuwen dy't wat betsjutte foar dy minsken dy't al 20 jier of langer kampearre op natuerkampearterrein Lange Paal fan Steatsboskbehear. It binne ek lokaasjes dy't ik mei kamera en de ekspertise fan Steatsboskbehear ta libben besykje te bringen yn wurd, mar foaral yn byld. At it waar him in bytsje goed hâld fansels...

Ps. At je fûgels filmje wolle, dan moatte je fansels wol witte wêr't sy sitte. Dêrom bin ik fan'e moarn noch op paad west mei boskwachter Carl Zuhorn om it nêst te finen fan in heidehipper oftewol de tapuit. Letter, at it droech is, kom ik dêr werom!

Snein 19 juny

In kombinaasje fan snel út de startblokken komme, útfine wat kin en wat net kin plus besykje de earste bylden te meitsjen. Dat wie sa'n bytsje it karakter fan myn earste dei op Flylân. Yn gearwurking mei Staatsbosbeheer en mei help fan myn kollega's fan Fiel de Nacht besykje ik yn in wike tiid in dokumintêre te meitsjen troch de ferbining te meitsjen tusken fûgels dy't hjir tydlik binne en de gasten dy't hjir fansels ek tydlik binne. De ferbining sit fansels yn de kwaliteiten dy't it eilân foar beide 'soarten' hat. Wêr meie minsken graach wêze en wêr de fûgels. En komme sy mei elkoar in bytsje goed troch de tiid? Fragen dêr't ik aanst hoop in moai antwurd op te hawwen.

(advertinsje)