Rients Ritskes

Hy learde Herman Wijffels it meditearren en coachte darter Raymond van Barneveld nei it wrâldkampioenskip. Zen-master Rients Ritskes (1957) wie op 21 juny te gast by Bart Kingma yn it onlineprogramma Fiel de Nacht fan Omrop Fryslân. Oer ôfsjen om dyn libben te feroarjen, safolle mooglik minsken gelokkich meitsje en meditaasje as oplossing foar alles. Op woansdei 3 jannewaris is de ôflevering mei Rients te sjen by Omrop Fryslân.

(advertinsje)

‘’Sis mar tsjin Bart dat er gjin each tichtdocht fannacht!’’

    Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Bart Kingma praat jûn yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ mei Zenmaster Rients Ritskes. Fan 21.00 oant 6.00 oere belibje sy teagearre de nacht op in unike lokaasje op It Amelân; middenyn de dunen fan It Oerd. Wy stelden fiif fragen oan Rients.

    Wêrom dochsto mei oan Fiel de Nacht?
    ‘’Ik sjoch it as in moaie útdaging. Eartiids haw ik wolris in nacht troch meditearre. Dus dat wurdt ‘gaan met die banaan’, haha.’’

    Hoe sjocht dyn ideale nacht derút?
    ‘My ideale nacht… No dat is dochs wol lekker de nacht troch sliepe. Moai op 'e tiid op bêd gean en ek wer op 'e tiid derôf.’’

    Hoe riedsto dy ta op de nachtlike petearen mei Bart?
    ‘’Tsja, te min. Ik haw my eins net net spesjaal taret. Ik lit it jûn gewoan op my ôfkomme.’’

    Nimsto ek eat spesjaals mei nei It Amelân?
    ‘’Ik nim in selsmakke Japanske teekom fan ierdewurk mei. Hy sit al goed ynpakt, haha. Ik brûk de kom net, mar ik wol him wol sjen litte. Der sit nammentlik in belangryk ferhaal oer myn ûntwikkeling oan de teekom fêst. Eins kinst it wol de ‘hillige graal’ neame. Ik haw kennis makke mei de kom doe’t ik jong wie, doe wie it wol in oare kom, hear. En dy moeting hat myn libben feroare.’’

    Minsken prate faak oer dei of nachtminsken. Hoe sit dat by dy?
    ‘’In deimins... Ja, dat wie ik eartiids al. Ik bin gjin nachtbraker, mar ik hâld fan in útdaging. Dus: ik doch gjin knipperke tuskentroch fannacht, haha. Sis mar tsjin Bart dat er gjin each tichtdocht kommende nacht!’’

    (advertinsje)