Marijke Roskam

Deifoarsitster en presintatrise Marijke Roskam wie op 19 juny te gast op it eilân. Se helpt as deifoarsitster grutte ûndernimmers en organisaasjes om better foar it ljocht te kommen. De ôflevering mei BNR Nieuwsradio stationvoice Marijke Roskam (1982) is op tiisdei 2 jannewaris te sjen yn it programma Fiel de Nacht fan Omrop Fryslân.

(advertinsje)

‘’Under in koepel fan stjerren fiel ik my lyts''

    Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Bart Kingma praat jûn yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ mei presintator Marijke Roskam. Fan 21.00 oant 6.00 oere belibje sy teagearre de nacht op in unike lokaasje op It Amelân; middenyn de dunen fan It Oerd fan It Fryske Gea. Wy stelden fiif fragen oan Marijke.

    Wêrom dochsto mei oan Fiel de Nacht?
    ‘’Wannear hat in minske echt de tiid foar in lang petear dat oeren duorje kin en oeral oer gean mei? Nachts ja... Mar dan sliepe je meastentiids. De útnûging fan Bart is dêrom bysûnder en leuk. Dêrby fiel ik my ûnder in koepel fan stjerren en op 'e romte altyd lekker lyts en net fan belang, dat relativearret it libben wer foar de kommende dei.’’

    Hoe sjocht dyn ideale nacht derút?
    ‘’In heldere nacht, in fjurke, alle minsken dy't ik yntins leaf ha én hân haw nochris allegearre byinoar oan in lange tafel mei moaie lampionnen dêrboppe en in hegere macht dy't dêr dan foar soarget dat de tiid hiel stadich giet. En in Aperol Spritz dêrby.’’

    Hoe riedsto dy ta op de nachtlike petearen mei Bart?
    ‘’Fansels ha ik betocht wat ik oer myn famylje wol as net sizze wol. Fierder net. Minsken dy't my in bytsje kenne, witte dat ik oeral earlik en iepen oer bin. En ik ha wat ekstra lang slept, want de nacht troch is best in ein haha.’’

    Nimsto ek eat spesjaals mei nei It Amelân?
    ‘’De poster dy't ik yn ús hûs yn Rotterdam alle dagen efkes besjoch. It ferske dat ik alle dagen draai en in kaartsje dat ik alle dagen by my ha.’’

    Minsken prate faak oer dei- of nachtminsken. Hoe sit dat by dy?
    ‘’Doe't ik foar BNN en 3FM wurke, wie ik echt in nachtminske. It leafst montearre ik myn reportaazjes as it deistich libben stillei en nimmen my steure koe. No is it oarsom. Yn drokke tiden giet de wekker wolris om fiif oere en ha ik der rûn lunchtiid al in wurkdei op sitten. In twongen moarnsminske, sucht ik wolris haha. Wol bin ik wat banger yn 'e nacht. It libben sels hat al tsjustere mominten genôch, doch my dan mar it ljochte en de sinne.’’

    (advertinsje)