Jan Posthuma

Hy wie de bêste blokkearder fan de wrâld en wûn goud op de Olympyske Spelen fan Atlanta (1996); ít sportmomint fan de 20e iuw. Ald-follyballer Jan Posthuma (Dokkum, 11 juny 1963) is wie op 20 juny in nacht lang te gast yn it programma Fiel de Nacht fan Omrop Fryslân. Presintator Bart Kingma praat mei him oer de opofferingen foar sukses, it oerwinnen fan tsjinstanners én ploechgenoaten, oer sykte en oer mei pensjoen gean op je 35ste. De útstjoering mei Jan is op moandei 1 jannewaris te sjen by Omrop Fryslân. 

(advertinsje)

‘’Soms tink ik: o ja! Dat moat ik ûnthâlde om te fertellen’’

    Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Bart Kingma praat jûn yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ mei âld-follyballer Jan Posthuma. Fan 21.00 oant 6.00 oere belibje sy teagearre de nacht op in unike lokaasje op It Amelân; middenyn de dunen fan It Oerd fan It Fryske Gea. Wy stelden fiif fragen oan Jan.

    Wêrom dochsto mei oan Fiel de Nacht?
    ‘’Myn dielnimming oan ‘Fiel de Nacht’ komt fuort út is nijsgjirrigens en de leafde foar it waad. Fierder sprekt it konsept my ek hiel bot oan.’’

    Hoe sjocht dyn ideale nacht derút?
    ‘’De ideale nacht fynt foar my plak op in moaie lokaasje mei famylje en/of freonen. Dêr heart dan in fantastysk útsjoch oer it wetter of oer in iepen field by. It waar moat ek goed wêze: sa dat je yn in koarte broek rinne kinne.’’

    Hoe riedsto dy ta op de nachtlike petearen mei Bart?
    ‘’Soms tink ik: ‘o ja! Dat moat ik ûnthâlde om te fertellen.’ Mar eins lykas foar in wedstriid lit ik it gewoan op my ôfkomme.’’

    Nimsto ek eat spesjaals mei nei It Amelân?
    ‘’Utsein fan de standert dingen nim ik in lekker waarm fest mei en in fierrekiker. Miskien komt der noch wat by as ik tink dat it yn de tas past en it doel hat.’’

    Minsken prate faak oer dei of nachtminsken. Hoe sit dat by dy?
    ‘’Dêr kin ik hiel koart oer wêze: ik bin gewoanwei in wier deimins.’’

    (advertinsje)