Greetje Bijma

Yn it programma Fiel de Nacht praat Kingma mei de frou dy’t har stim behearsket as gjin oar. Se stie op de grutste ynternasjonale jazz-poadia en wûn as earste frou de Boy Edgar-priis. Op 22 juny wie Greetje Bijma (Stiens, 22 april 1956) te gast op Amelân, om in nacht foarby te praten. Te praten oer sjonge om it libben te fieren, of gewoan om oerein te bliuwen en oer it gemis fan har man Willem, dy’t it fûnemint ûnder har karriêre wie. De ôflevering mei Greetje is op tongersdei 4 jannewaris te sjen by Omrop Fryslân.

(advertinsje)

‘’Eartiids wie ik in nachtwaker’’

    Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Bart Kingma praat jûn yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ mei stimkeunstner Greetje Bijma. Fan 21.00 oant 6.00 oere belibje sy teagearre de nacht op in unike lokaasje op It Amelân; middenyn de dunen fan It Oerd fan It Fryske Gea. Wy stelden fiif fragen oan Greetje.

    Wêrom dochsto mei oan Fiel de Nacht?
    ‘’Ik doch mei om’t ik noch nea earder op sa’n prachtich plak in hiele nacht trochbrocht haw. Sa hielendal yn de natuer op It Amelân. As bern kamen wy dêr mei de hiele húshâlding hast alle simmers. Ik haw er hiele moaie oantinkens oan. Mar no mei ien dy’t ik net ken… Dat wurdt wel spanned.’’

    Hoe sjocht dyn ideale nacht derút?
    ‘’Ik tink net dat der in ideale nacht bestiet eins… Alle nachten binne foar my ideaal. Dat is om’tst nachts neat hoechst.’’

    Hoe riedsto dy ta op de nachtlike petearen mei Bart?
    ‘’No, écht tariede op de petearen en de nacht… Dat doch ik net. Natuerlik bin ik der fan te foarren wol mei dwaane yn myn holle.’’

    Nimsto ek eat spesjaals mei nei It Amelân?
    ‘’Meastentiids nim ik pas op it álderlêste momint in beslút oer wat ik mei nim earne nei ta. Dus ja, dat wit ik noch net.’’

    Minsken prate faak oer dei of nachtminsken. Hoe sit dat by dy?
    ‘’Eartiids wie ik wol folle mear in ‘nachtwaker’ as dat ik no bin.’’

    (advertinsje)