Bearn Bilker

Hy is miskien wol de grutste Keningshûs-kenner fan Fryslân. Boargemaster Bearn Bilker (12 desimber 1952) wie 23 juny te gast by Bart Kingma yn it onlineprogramma Fiel de nacht fan Omrop Fryslân. Oer Oranjes, Fryske Nassaus en boargers, de hobbys en fassinaasjes fan in boargemaster én ynwenner fan in doarp mei de grutste persoanlike drama’s. De ôflevering mei Bearn is op freed 5 jannewaris te sjen by Omrop Fryslân.

(advertinsje)

‘’De natuer bringt ús ta swijen, sa oerweldigjend’’

    Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Bart Kingma praat jûn yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de nacht’ mei boargemaster Bearn Bilker. Fan 21.00 oant 6.00 oere belibje sy teagearre de nacht op in unike lokaasje op It Amelân; middenyn de dunen fan It Oerd fan It Fryske Gea. Wy stelden fiif fragen oan Bearn.

    Wêrom dochsto mei oan Fiel de ncht?
    ‘’Ik doch mei om’t ik it ferskriklik fyn om in hiele nacht lang op bliuwe te moatten. De grutste fraach is dus eins: hoe sil dit gean?’’

    Hoe sjocht dyn ideale nacht derút?
    ‘’Ideale nacht? As ik net sliepe kin, dan lis ik te lêzen... Of ik ferwûnderje my oer de natuer, as it folle moanne is of wat ljocht lykas no. De natuer bringt ús ta swijen, sa oerweldigjend.’’

    Hoe riedsto dy ta op de nachtlike petearen mei Bart?
    ‘’Ik ried my ta op de petearen troch der sa no en dan oer nei te tinken. In foarpetear mei ien fan de programmamakkers hat in bulte fertuten dien. Ik bin bang dat ik in soad fertelle wol, miskien wol tefolle, dus ik moat my wat bedimje. Dat sil Bart wol yn de gaten hâlde tink ik.’’

    Nimsto ek eat spesjaals mei nei It Amelân?
    ‘’Ja, wat favorite boeken en grif myn favorite muzyk! Oft it no ‘Que sera sera’ fan Doris Day is of de deiboeken fan steedhâlder Willem Frederik, oeral is in ferhaal by.’’

    Minsken prate faak oer dei of nachtminsken. Hoe sit dat by jo?
    Ik bin in deiminske. Jûns wurdt it al gau minder. Ik ha in soad sliep nedich, dus dit sil wat wurde…’’

    (advertinsje)