Festivette

Mei Omrop Fryslân nei de leukste festivals

Wy binne dizze simmer te finen op festivals rûnom yn Fryslân: fan in metalfestival by de Aldehou oant in heimsinnich hippyfeest by de Griene Stjer. Foar, op en nei de festivals dogge wy op social media ferslach mei foto’s en filmkes. Dus hiel Fryslân kin fia Facebook, Twitter en Instagram meigenietsje fan al dy prachtige festivals yn ús provinsje!

Fan 11 festivals meitsje wy festivalferslagen. Dêrneist meitsje we yn augustus ek in rige fan fjouwer ôfleverings fan it programma Festivette. Dêryn sjogge wy mei in leafhawwer fan it iene festival by it festival fan in oare ‘diehard’ feestgonger. Hoe reagearje sy op elkoars feestgedrach? En wat moatte je op sa'n festival wier net misse?

(advertinsje)

Festivette ôflevering

    Festival ferslagen

      (advertinsje)