Dreamen foar Fryslân: Steateferkiezings 2015

Dream mei ús mei!

  • Dreamen foar Fryslân (trailer 2)

Op woansdei 18 maart mei Fryslân nei de stimbus foar de Provinsjale Steaten en it Wetterskip. Omrop Fryslân docht wiidweidich ferslach fan de ferkiezings. Mar der is mear...

Provinsjale Steateferkiezings: de útslach

Dreamen foar Fryslân

Yn de wiken foarôfgeand oan de ferkiezings sille wy op syk nei jo 'Dreamen foar Fryslân'. Wy wolle witte wat de Friezen wolle foar de provinsje. Hoe sjogge jo de takomst fan Fryslân en de Friezen? Romte foar de greidefûgels, de otter en bever? Of wolle we ek swinen en damharten hjir yn de bosk? Wat te dwaan mei al dy guozzen en hoe hâlde we it wetter ûnder kontrôle? Ha we genôch asfalt yn de provinsje? Op it wetter alles foarmekoar? Kinne we oeral komme mei it iepenbier ferfier? Foar alle Friezen wurk, in griene provinsje en wat te tinken fan rêst en romte.... Koartsein: Dreamen foar Fryslân.
Jou jo dream oan ús troch! En... meitsje kâns op in reiske nei dreamlân.

Dreamefangers

Yn de rin fan febrewaris geane ús dreamefangers op 'en paad om al dy dreamen te sammeljen. De moaiste, orizjineelste en meast bysûndere dreamen komme yn ús útsjoerings op radio en televyzje. Alle oaren dreamen binne te sjen op ús dreamside.

De steateferkiezings en wetterskipsferkiezings

Fansels op dizze side ek alle ynformaasje oer de steateferkiezings en de wetterskipsferkiezings.

Jûnpraters

Wolle jo mear te witten komme oer de driuwfear fan de listlûkers? Dat kin yn ús spesjale ferkiezingsprogramma 'Jûnpraters'. René Koster praat in oere lang ien op ien mei de listlûkers. Der komme net allinnich politike ûnderwerpen oan 'e oarder, mar ek oare saken dy't in better byld jaan kinne fan de politikus as persoan. 'Jûnpraters' is fan 2 maart ôf op alle wurkdagen om 19.00 oere te beharkjen op Omrop Fryslân Radio en te sjen op Omroplive.nl.

Folgje alles

Fansels fine jo op dizze side ek al it nijs om de ferkiezings hinne en de útslach per gemeente.

(advertinsje)