De Europeeske ferkiezings by Omrop Fryslân

22 maaie 2014: nei de stimbus foar Europa

  • Binne de minsken yn Fryslân wol fan doel om te stimmen?

Op 22 maaie mei Fryslân foar de twadde kear dit jier nei stimbus. Dizze kear foar it Europeeske Parlemint. De leden fan it Europeeske Parlemint wurde ien kear yn 'e fiif jier streekrjocht keazen troch de boargers fan de Europeeske Uny.

It Europeeske Parlemint fertsjintwurdiget goed in heal miljard Europeanen en bestiet út 750 leden. Fansels binne der ek ferskate Fryske kandidaten. Meiïnoar dogge der yn Nederlân 19 partijen mei oan de ferkiezings.

Omrop Fryslân jout fan tongersdei 15 maaie ôf omtinken oan dizze ferkiezings op ynternet, radio en televyzje. Op de radio komt in seleksje fan de Fryske kandidaten oan it wurd yn Omrop Fryslân Aktueel. En op televyzje in rige reportaazjes oer Fryslân en Europa yn Bynt.

Alles oer de Europeeske ferkiezings is op dizze side te finen.

(advertinsje)

Mei tank oan Europa 5

    De opkomst by de Europeeske ferkiezings juster wie wer net heech. En dat wylst Europa bêst belangryk is. Op it mêd fan wurk bygelyks binne der yn Europa 1,8 miljoen fakatueres. As je bûten Nederlân oan de slach wolle, kinne je terjochte by EURES, in ôfdeling fan it UWV. Sy helpe wurknimmers dy't nei it bûtenlân ta wolle, mar ek bedriuwen as dy minsken út it bûtenlân hjirhinne helje moatte. Wy seagen yn Harns hoe't it yn de praktyk útpakt.

    Mei tank oan Europa 4: Wetsus

      It fjirde part fan de Bynt-rige giet oer wetter. By Wetsus yn Ljouwert dogge tsientallen ûndersikers ûndersyk nei wetter. Wetsus betsjut 'Wetter Sustainable', oftewol 'duorsum wetter'. In soad fernimme wy as gewoane boargers net fan al dat ûndersyk, mar it hat wol in soad ynfloed op ús libben. Wy witte mar kwalik wat der allegear bart foardat it wetter by ús út de kraan komt. Mar mei tank oan Europa bart der fan alles mei dat kraanwetter, wat oars net barre soe.

      Mei tank oan Europa 3: fakânsje

        Wat docht Europa eins foar ús? Dizze hiele wike binne hjir yn Bynt reportaazjes oer. Op in hiel soad punten wurdt der al gearwurke tusken de Europeeske lannen. Mar der binne ek noch in soad praktyske saken nét regele. Nim no bygelyks de fakânsje. As je nei it bûtenlân geane. Hoe hurd mei je dan op de sneldyk yn Dútslân, of Italië of Spanje. Of hoe sit it mei feilichheidsfestjes en alkoholtesten?

        VVD: Jan Huitema (nûmer 6)

        • Harkje nei Jan Huitema

        Wylst de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint tongersdei al binne, hearsket der noch net echt in ferkiezingskoarts. Dat falt VVD-kandidaat Jan Huitema út Makkingea op. Hy stiet op nûmer 6 fan de kandidatelist fan de VVD. Huitema wie juster en hjoed op kampanje en gie mei in oldtimertrekker de Alvestêderoute del om benammen te praten oer lânbou. Hy hopet sa safolle mooglik minsken moarn toch nei de stimbus te lûken, en dat se fansels op him stimme. Fan 'e middei stoppe hy ûnder oaren yn Marrum dêr't hy prate mei boeren dy't lêst ha fan guozzen dy't it lân keal frette.

        GrienLinks: Isabella Diks (nûmer 4)

        • Harkje nei Isabella Diks

        Woansdei is de lêste kampanjedei foar de Europeeske ferkiezings. Ien fan de minsken dêr't tongersdei op stimd wurde kin, is wethâlder Isabella Diks fan Ljouwert. Sy stiet op it fjirde plak op de kieslist foar har partij GrienLinks.

        Se is op de lêste dei foar de ferkiezings net op kampanje, want der moat ek wurke wurde. Diks stiet net foar it earst op de Europeeske kieslist foar GrienLinks, yn 2009 stie se op it sande plak. No stiet se dus fjirde en eins woe de partij har noch heger ha. Mar dat hat Diks ôfhâlden, omdat se graach har wurk yn Ljouwert ôfmeitsje wol. Mar as se streekrjocht it parlemint yn keazen wurdt, dan giet se dochs nei Brussel.

        Mei tank oan Europa 2: Groot Vijversburg

          Yn de wike fan de Europeeske ferkiezings lit Bynt sjen wat Europa foar ús docht. It twadde diel giet oer in stikje kultuerferbettering foar de regio. It park Groot Vijversburg yn Tytsjerk ûndergiet op dit stuit in metamorfose. Mei miljoenen oan Europeask jild wurdt it omtovere ta park mei ynternasjonale allure. It projekt is te grut en te djoer foar de provinsje en dêrom helpt Europa.

          Lambert Zwiers: ûndernimmers binne foar Europa

          • Harkje nei Lambert Zwiers fan de ûndernimmersorganisaasjes VNO-NCW noord en MKB Noord

          Nederlân kin net sûnder Europa. Dat is de boadskip dy't de ûndernimmers dúdlik hearre litte wolle sa foar de Europeeske ferkiezings. Neffens Lambert Zwiers fan de ûndernimmersorganisaasjes VNO-NCW noord en MKB Noord is de eksport nei oare Europeeske lannen goed foar 120 miljard euro. En dat soarget foar in soad banen en wolfeart yn Nederlân.

          Ut in enkête die koartlyn al bliken dat ûndernimmers massaal stimme sille by dizze ferkiezings, 96 prosint soe dizze kear de gong nei de stimbus meitsje wolle. Dizze groep sjocht as gjin oar it belang yn fan it foartbestean fan Europa. No't it lûd om op te hâlden mei de EU hieltyd lûder wurdt, is de needsaak om it belang te beneidrukje ek hieltyd grutter.

          Om elkenien derfan te oertsjûgjen ha de ûndernimmersorganisaasjes de webside www.wijzijnvoor.eu makke. Ek is der de webside www.europaomdehoek.nl, dy't sjen lit hokker projekten by jo yn 'e buert mei mooglik makke binne troch Europa.

          Mei tank oan Europa 1: foeding

            Bynt dûkt de hiele wike yn it ynstitút Europa en foaral wy as Friezen fan Europa fernimme. De earste ôflevering fan dizze rige giet oer it iten. Sûnder dat we it yn de gaten ha krije we mei elke hap iten in stikje Europa binnen. De folseine itensproduksje stiet ûnder strange kontrôle fan Brussel. As der bygelyks wat ferkeard giet, kin dat fia it etiket eksakt weromfûn wurde. Wy gongen op 'n paad mei Eeuwe Geertsma, ynspecteur bij de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. We setten útein yn in distribúsjesintrum fan de Poiesz yn Snits en einigen by it kauwgomfabriek yn de stêd.

            50Plus: Theun Wiersma (nûmer 8)

            • Harkje nei Theun Wiersma

            Theun Wiersma stiet op it 8ste plak fan de list 50Plus, in partij dy't foar it earst meidocht oan de Europeeske ferkiezings. Hy wurket foar it Fryske Gea en is bestjoerlik aktyf. Mar hy noch hielendal gjin politike ûnderfining.

            De 54-jierrige Wiersma wie altyd in PvdA-stimmer, mar is teloarsteld yn dy partij. 50Plus kaam tafallich op syn paad en no stiet er dus op de list. 50Plus wol har ynsette foar soarch, wurkgelegenheid en pensjoen. It útgongspunt fan de partij yn it ferkiezingsprogramma is dat de EU har allinne dwaande hâlde moat mei saken dy't de nasjonale grinzen boppegean.

            Wiersma is net de iennichste Fries op de list fan 50Plus. Op plak 11 stiet Pietsje Spijkstra fan Ternaard. De ferwachtings fan Wiersma binne heech: Nederlân telt 6 miljoen stimmers fan boppe de 50 jier, dat is in grut potinsjeel foar syn party.

            Boerinne jout stimadvys

            • Harkje nei Froukje de Jong

            By de kommende ferkiezings kin der stimd wurde op tsien bekinde en njoggen minder bekinde partijen. Opsjes genôch, mar hoe meitsje jo de kar hokker partij jo stim krijt? Miskien ek wol in dilemma foar Froukje de Jong fan Sint Anne. Se is boerinne en wurket ek noch yn it Planetarium en as fertaalster. Dêrneist hat se wat mei it Biltsk en ierappels. Op Omrop Fryslân Radio fertelt se wat Europa betsjut foar har boerebedriuw.

            It is foar De Jong hiel wichtich wa't der foar ús sit en ferstân hat fan boeresaken. It lândbou belied is foar de kommende jierren dan al wol fêststeld troch
            de Europeeske Ried, mar dochs bliuwt it parlemint wichtich. Se fynt it ek wichtich dat der minsken út de regio yn it Europeeske Parlemint sitte.

            De Jong begrypt ek mar al te goed dat in soad minsken Europa 'fier fan ús bêd' fine. Sy hat sels yn Brussel west en dêrnei is it har wol dúdliker wurden hoe't it yn elkoar sit.

            Fryske kandidaten yn Buro de Vries

            • Harkje nei de Fryske kandidaten yn Buro de Vries

            Yn it radioprogramma Buro de Vries wiene snein fjouwer Friezen te gast, dy't ferkiesber binne foar it Europeeske parlemint:

            Fenna Feenstra út Snits (SP, no. 7)
            Wiebe Strikwerda út Feanwâlden (CDA, no. 19)
            Jan Huitema út Makkingea (VVD, no. 6)
            Lammert Dijkstra út Dokkum (Artikel50, no. 8)

            René Koster praat mei har oer wa't se binne, wat se wolle en wêrom sy krekt sa yntresseard binne yn Europa út it Fryske perspektyf wei.

            CDA: Wim Eilering (nûmer 10)

            • Harkje nei Wim Eilering

            Wim Eilering fan Drachten is op it tsiende plak de earste Fries op de CDA-list foar de Europeeske ferkiezings. Eilering fiert in persoanlike kampanje as dé noardelike CDA-kandidaat. Ofhinklik fan de opkomst hat hy tusken de 15.000 en 20.000 foarkarstimmen om yn it Europeesk Parlemint te kommen. Neffens Eilering is dat seker gjin kânsleaze misje. Eilering wol yn it Europeesk Parlemint 'it lûd fan de ûndernimmer' hearre litte. Ek wol hy befoarderje dat Noard-Nederlân mear gearwurket mei it noarden fan Dútslân.

            De FNP wol 'Frysk kiesdistrikt' by Europeeske ferkiezings

            • Sybren Posthumus leit út wêrom't de FNP nei meidocht

            De FNP wol dat Fryslân in eigen kiesdistrikt wurdt by de Europeeske ferkiezings. Ta dat stânpunt komt de partij nei in analyze fan de kieslisten fan de partijen dy’t nije wike meidogge oan de EU-ferkiezings. It docht hjirby bliken dat gjin inkelde ynwenner fan Fryslân op in neffens de FNP ferkiesber plak stiet.  Op de earste 20 plakken fan de grutte partijen steane mar leafst 17 (!) minsken út de Rânested. In garandearre sit foar in Frysk kiesdistrikt soe der foar soargje kinne kinne dat de partijen mear Friezen op in ferkiesber plak sette, mient de FNP.

            De partij seit ferbjustere te wêzen dat it der op liket dat de kommende 5 jier gjin inkelde ynwenner fan Fryslân yn it Europeesk parlemint sit. Sa snije de belangen Fryslân ûnder yn Brussel, tinkt de FNP. De partij wiist der op dat oare ferlykbere of sels lytsere regio’s yn Europa wol in garandearre sit hawwe, lykas Wales (3 sitten), de Finske Aland eilannen (mar 27.000 ynwenners), Dútstalich België (95.000 ynwenners) en Súd-Tirol (530.000). As dat yn oare regio’s yn Europa kin, kin dat fansels ek foar Fryslân, mient de FNP.

            De FNP is yn prinsipe foarstanner fan it systeem fan Europeeske kieslisten. Mei sa’n ‘transnasjonaal’ kiessysteem binne der echte Europeeske ferkiezings oer de grinzen hinne en kin in ynwenner fan Berltsum op immen út Barselona stimme. Dan meitsje ek regio’s as Fryslân mear kâns op it behertigjen fan har belangen yn ‘Brussel’ om’t dan mear Europarlemintariërs út regio’s as Fryslân komme sille. Omdat der no gjin sicht is op realisaasje fan dat stribjen, wol de FNP dat by folgjende ferkiezings Fryslân in eigen sit krijt. Mei 4% fan de befolking fan Nederlân en 26 sitten foar Nederlân hat Fryslân ek rjocht op ien sit.

            De FNP docht nije wike sels net mei oan de Europeeske ferkiezings en hat besletten om ek gjin stimadvys út te bringen. De FNP is wol aktyf op Europeesk nivo fia de Europeeske Frije Alliânsje, in gearwurkingsferbân fan regionale partijen út hiel Europa.

            PvdA: Sander Terphuis (nûmer 11) en Houkje Rijpstra (nûmer 12)

            • Eric Ennema yn petear mei Terphuis en Rijpstra

            Oer in wike binne de Europeeske Ferkiezings. Kandidaten fan allerhanne partijen dogge wakker har bêst om út te lizzen dat Europa wol deeglik belangryk is. In protte entûsjasme meitsje se lykwols net los, en de ferwachting is dan ek dat de opkomst dramatysk leech wêze sil. De kommende dagen kin je by Omrop Fryslân yn de kunde komme mei in tal aspirant-politisi. Op tongersdei 15 maaie binne dat Sander Terphuis en Houkje Rijpstra, beide fan de PvdA. Eric Ennema prate mei de twa.

            Tytsy Willemsma: de Fryske lobbyiste yn Brussel

            • Harkje nei Tytsy Willemsma

            Oer krekt in wike is it wer safier, wy meie wer nei de stimbus. Diskear foar de Europeeske Ferkiezings. Nederlân hat 26 sitten yn it Europeesk Parlemint en wy kinne diskear in stim útbringe op 1 fan de 10 partijen dy't no al yn it Europees Parlemint sitting hawwe - lykas CDA, VVD, D66, PVV, 50 Plus en de SP - om der mar in pear te neamen. Mar der dogge ek 10 nije partijen mei - lykas de Partij voor de dieren, de Piratenpartij, de Groenen en de IKKIESVOOREERLIJK PARTIJ. Fan hjoed ôf praten we mei minsken oer wat Europa besjut foar Fryslân én mei in tal Fryske kandidaten dy't meidogge oan de ferkiezings. We begjinne hjoed mei Tytsy Willemsma, de frou dy't it Europeesk Parlemint miskien fan ús allegearre wol it bêste kent. Sûnt 15 july 2011 is Tytsy lobbyist yn Brussel foar SNN, it gearwurkingsferbân fan Fryslân, Grinslân en Drinte.

            (advertinsje)