Snein 15 maart: In dei op it wetter

Omrop Fryslân in dei yn it teken fan it wetterskip

    Snein 15 maart binne wy in dei op it wetter. De hiele dei stiet Omrop Fryslân yn it teken fan de wetterskipsferkiezings, dy't tagelyk mei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten hâlden wurde.

    Bysûndere lokaasje

    Tusken 8.00 oere moarns en 18.00 oere jûns komme alle radioprogramma's live út ús mobile studio op in bysûndere lokaasje: op 'e dyk by it Woudagemaal op'e Lemmer. En alles stiet yn it ramt fan wetter fansels. Mei gasten yn de studio, ferslachjouwers op 'en paad troch de provinsje, de listlûkers fan de wetterskipsferkiezings en fansels in soad (wetter)muzyk.

    In dei op it wetter

    De dei begjint om 8.00 oere mei Prelude, presintearre troch Karen Bies. Yn Mei Douwe live muzyk út it Woudagemaal wei, dêrfoar wurdt der spesjaal in fleugel yn it gemaal delsetten. Tusken 11.00 en 13.00 oere is der Buro de Vries mei dêryn speeddates mei alle listlûkers en in diskusje oer wettersaken. Dêrnei nimt Diana de Groot it oer mei Snein yn Fryslân. De hiele middei muzyk, keazen út de list fan Wiete Wetter Hits. Mar ek sport, fan 14:30 oere ôf live flitsen út it stadion fan SC Hearrenfean dat dêr spilet tsjin Ajax. Yn Snein yn Fryslân rom omtinken foar de dreamen foar Fryslân mei sosjale media-side kick Douwe Boersma. De folsleine dei is ek te folgjen op Omrop Fryslân televyzje.

    Win in VIP-rûnlieding yn it Woudagemaal mei jo dream foar Fryslân

    Op dizze bysûndere dei oer it wetter freegje we jo ek om jo dream foar Fryslân nei ús op te stjoeren. We binne al in pear wike dwaande om dreamen fan Friezen te sammeljen en wolle de moaiste dreamen in dei nei de Steateferkiezings oan de Fryske polityk oanbiede. Dus hokker kant moat it op mei Fryslân? Stjoer jo dream op fia omropfryslân.nl/ferkiezings mei it formulier Jo Dream. Ut de dreamen dy’t op de Wetteskipsdei binnenkommen, wurdt de moaiste dream útkeazen. Dy wurdt oan de ein fan de dei yn ús útsjoering bekindmakke troch in saakkundige sjuery. Foar de ynstjoerder fan de moaiste dream hawwe we ek in priis: in VIP-rûnlieding yn it Woudagemaal as dy ûnder stoom stiet. Stjoer jo dream nei: * #dreamen (Twitter) * 06-20499199 (sms of Whatsapp) * foto@omropfryslan.nl (foto's)

    Wiete Wetter Hits

    Spesjaal foar dizze dei ha wy in list makke mei 40 Wiete Wetter Hits makke. Kies jo favoryt en lit it ús witte fia Facebook.com/omropfryslan of fia 06-20499199 (sms of Whatsapp). Fansels hearre wy ek graach wêrom!
    Nûmer Artyst
    1 It’s raining men The Weather Girls
    2 Rain down on me Kane
    3 Islands in the stream K Rogers en D Parton
    4 River deep, Mountain High Ike en Tina Turner
    5 Wachtsje yn de rein Wiegels Wjukkelmasine
    6 Oeral thús Piter Wilkens
    7 Ranjaman Mink
    8 Have you ever seen the rain / Hey Tonight Creedece Clearwater Revival
    9 Surfin' usa The Beach Boys
    10 Rivers of babylon Boney M
    11 The river Bruce Springsteen
    12 Het Water Marco Borsato (Jan Tekstra..)
    13 Water Brad paisley
    14 Waterloo ABBA
    15 Watermensen 3J’s
    16 There’s something in the water Brook Fraser
    17 Cry me a river Michael Bublé
    18 De zee Trijntje Oosterhuis
    19 Love is all around Wet Wet Wet
    20 Walk on Water Milk Inc
    21 Waterfalls TLC
    22 When the going gets though Billy Ocean
    23 Rain and Tears Demis Roussos
    24 Junge komm bald wieder Freddy Quinn
    25 River Emily Sandé
    26 Jambalya Carpenters
    27 Raindrops keep fallin’ on my head BJ Thomas
    28 EE Sake Hijlkema
    29 Wetter Eddy Dykstra
    30 Fiif klomp heech en rûzich Eddy Dykstra
    31 Rein Piter Wilkens
    32 Rein Stiet as Quo
    33 The whole of the moon Waterboys
    34 Mannish Boy Muddy Waters
    35 Rockin’ the Trolls BZN
    36 Smoke on the water Deep Purple
    37 Run to the water Live
    38 Ik heb een toeter op mijn waterscooter Gebroeders Ko
    39 Dansen aan zee Blof
    40 Spetter Pieter Pater Herman van Veen
    (advertinsje)