Fryslân Kiest: de vlogs

    Hoe beynfloedet dit de stimmerij yn de trije nije gemeentes? Binne der grutte ferskillen te sjen tusken de ferskate gebieten, en hokker ûnderwerpen wurde as wichtich sjoen? Trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sille in wike lang op ûndersyk út yn de nij te foarmjen gemeentes. De ferslachjouwers meitsje alle dagen in vlog, wêryn't se in ferkiezingstema yn harren gemeente ûnder de oandacht bringe. Dêrnjonken binne se de hele dei te hearren op Omrop Fryslân radio.

    (advertinsje)

    Bauke Deelstra yn Súdwest-Fryslân

    • Bauke Deelstra yn Súdwest-Fryslân oer de weryndieling
    • Bauke Deelstra praat mei in foarstanner fan Nij Hiddum-Houw
    • Bauke Deelstra is op aventoer yn Hylpen
    • Bauke Deelstra is yn Snits. Libje de ferkiezings ûnder de ynwenners dêr?
    • Bauke Deelstra yt mei yn fersoargingshûs Nij Mariënacker yn Warkum

    Bauke Deelstra dompelet him in wike lang ûnder yn de gemeente Súdwest-Fryslân. In gemeente dy't al in grutte weryndieling achter de rêch hat, en dy't no in lyts stikje Littenseradiel derby krijt. Hoe sjogge de ynwenners fan bygelyks Wommels nei de weryndieling, en de grutte gemeente dêr't se daliks byhearre sille? It gemeentehûs is dalik net mear om 'e hoeke yn it doarp, mar yn Snits. En hawwe de ynwenners fan Easterein deselde soargen as dy yn Starum? Bauke siket it út.

    Afke Boven yn Ljouwert

    • Afke Boven yn Ljouwert oer de fytstunnel
    • Afke is op besite by de toskedokter fan Mantgum
    • Afke Boven koest yn Stiens en praat dêr oer subsydzjes
    • Afke Boven is yn de stêd Ljouwert
    • Afke Boven siket út wat der spilet yn Wurdum

    Afke Boven docht in wike lang ferslach fan alle ferhalen yn de nije gemeente Ljouwert. Ek foar Ljouwert is dit de lêste stap yn in weryndielingstrajekt dat al jierren rint. Nei't se doarpen lykas Grou en Wergea yn har gemeente opnimme mochten, is it no de beurt oan doarpen lykas Stiens en Jelsum. Hawwe sy der fertrouwen yn dat it grutte Ljouwert genôch omtinken foar de doarpen hawwe sil? En yn hoefier meitsje de ynwenners fan de stêd Ljouwert har drok oer it krimpgebiet dat dalik by har gemeente komt? Afke hat de moaie taak om hjir achter te kommen.

    Lennie Bronsveld yn Waadhoeke

    • Lennie Bronsveld yn Waadhoeke oer de fleantugen
    • Lennie Bronsveld freget de bern fan Spannum wat sy ferwachtsje fan de polityk yn Waadhoeke
    • Lennie Bronsveld praat mei Bilkerts oer harren identiteit yn de nije gemeente
    • Lennie Bronsveld krijt les yn de Biltse taal
    • Lennie Bronsveld helpt mei de ôfwask yn Sint-Anne.
    • Lennie Bronsveld is op CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer.

    Lennie Bronsveld krijt de kâns om de nagelnije gemeente Waadhoeke better kennen te learen. Trije gemeentes foarmje mei in part fan Littenseradiel in folslein nije gemeente. Hoe komt dat, en hoe sjogge de ynwenners nei harren gemeentlike buorlju? Wurdt der op It Bildt mei har dúdlike identiteit oars tocht oer Waadhoeke as yn Littenseradiel? Of binne der in soad oerienkomsten? Lennie krijt de útdaging om hjir achter te kommen, en om oare wichtige saken yn de nije gemeente foar it ljocht te heljen.

    (advertinsje)