Fryslân Kiest: de vlogs

    Hoe beynfloedet dit de stimmerij yn de trije nije gemeentes? Binne der grutte ferskillen te sjen tusken de ferskate gebieten, en hokker ûnderwerpen wurde as wichtich sjoen? Trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sille in wike lang op ûndersyk út yn de nij te foarmjen gemeentes. De ferslachjouwers meitsje alle dagen in vlog, wêryn't se in ferkiezingstema yn harren gemeente ûnder de oandacht bringe. Dêrnjonken binne se de hele dei te hearren op Omrop Fryslân radio.

    (advertinsje)

    Bauke Deelstra yn Súdwest-Fryslân

    Bauke Deelstra dompelet him in wike lang ûnder yn de gemeente Súdwest-Fryslân. In gemeente dy't al in grutte weryndieling achter de rêch hat, en dy't no in lyts stikje Littenseradiel derby krijt. Hoe sjogge de ynwenners fan bygelyks Wommels nei de weryndieling, en de grutte gemeente dêr't se daliks byhearre sille? It gemeentehûs is dalik net mear om 'e hoeke yn it doarp, mar yn Snits. En hawwe de ynwenners fan Easterein deselde soargen as dy yn Starum? Bauke siket it út.

    Afke Boven yn Ljouwert

    Afke Boven docht in wike lang ferslach fan alle ferhalen yn de nije gemeente Ljouwert. Ek foar Ljouwert is dit de lêste stap yn in weryndielingstrajekt dat al jierren rint. Nei't se doarpen lykas Grou en Wergea yn har gemeente opnimme mochten, is it no de beurt oan doarpen lykas Stiens en Jelsum. Hawwe sy der fertrouwen yn dat it grutte Ljouwert genôch omtinken foar de doarpen hawwe sil? En yn hoefier meitsje de ynwenners fan de stêd Ljouwert har drok oer it krimpgebiet dat dalik by har gemeente komt? Afke hat de moaie taak om hjir achter te kommen.

    Lennie Bronsveld yn Waadhoeke

    Lennie Bronsveld krijt de kâns om de nagelnije gemeente Waadhoeke better kennen te learen. Trije gemeentes foarmje mei in part fan Littenseradiel in folslein nije gemeente. Hoe komt dat, en hoe sjogge de ynwenners nei harren gemeentlike buorlju? Wurdt der op It Bildt mei har dúdlike identiteit oars tocht oer Waadhoeke as yn Littenseradiel? Of binne der in soad oerienkomsten? Lennie krijt de útdaging om hjir achter te kommen, en om oare wichtige saken yn de nije gemeente foar it ljocht te heljen.

    (advertinsje)