Fryslân Kiest: de Provinsjale Steateferkiezingen 2019

Op woansdei 20 maart mei hiel Fryslân wer nei de stimbus om de nije leden fan de Provinsjale Steaten te kiezen. Mar wêr giet dy provinsje eins oer en wat docht dat bestjoer? En wichtiger noch: wat binne, neffens de Friezen, saken dy't it nije bestjoer as earste oanpakke moatte soe? Omrop Fryslân jout in ynsjoch yn de ferkiezingen dy't foar Fryslân fan grut belang binne.

Wat docht in Steatelid? En wat heart der by it takepakket fan in deputearre? Fan 4 oan en mei 8 maart rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld staazje by de provinsje yn ferskate funksjes. Klik op de banners om te sjen hoe't it Lennie fergiet! Dêrneist komme alle listlûkers foar de Steateferkiezingen oan it wurd yn it radioprogramma No yn Fryslân en lêst hjir listlûkersportretten in politike en in persoanlike kant.

Debatten en de útslaggen

Wetterskipsdebat yn Buro de Vries
Yn it radioprogramma Buro de Vries is op snein 17 maart om 12.00 oere in wetterskipsdebat te hearren. De listlûkers fan de ferskate partijen debattearje oer aktuele Wetterskipsûnderwerpen om sa de kiezers nei harren kant te lûken.

Listlûkersdebat
Ien dei foar de ferkiezingen wurdt op 19 maart yn it provinsjehûs in listlûkersdebat hâlden. Yn dat debat diskusearje de listlûkers oer aktuele en Fryske tema's. Dat alles is fan 19.00 oere ôf te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app en wurdt om 21.00 en 23.00 oere werhelle.

Utslaggejûn
Op de ferkiezingsdei sels, woansdei 20 maart, steane de ferkiezingen de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Mei de opkomstsifers, de stimming by de buro's en jûns in ferkiezingsútstjoering mei de lêste útslaggen. Fan 20.00 oere ôf sjocht Omrop Fryslân op de radio mei gasten werom op de ôfrûne bestjoersperioade en bringt sa gau mooglik de lêste útslaggen, de reaksjes dêrop en fansels tsjutting. Om 22.00 oere is dat ek te folgjen op telefyzje. De oare deis binne op 'e radio yn it programma 'Fryslân fan 'e moarn' de reaksjes op de útslach te hearren en jout polityk ferslachjouwer Andries Bakker tsjutting. Dernjonken is Omrop Fryslân live by it moarnsbrochje fan it Wetterskip, dêr't de útslach fan harren ferkiezingen bekend makke wurdt. Ek op telefyzje, yn Fryslân Hjoed, wurdt op 21 maart neipraten oer de ferkiezingen.

(advertinsje)