Muzykteaterstik Faderpaard

  • Muzykteaterstik Faderpaard

In oade oan it Fryske hynder’ wurdt it neamd, it muzykteaterspektakel Faderpaard. Dat bysûndere teaterstik mei mear as hûndert Fryske hynders fûn yn jannewaris 2014 plak yn it ramt fan it 135-jierige jubileum fan ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’.

It muzykteaterstik Faderpaard is ynspirearre op it ferneamde gedicht ‘It Faderpaard’ fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Yn it stik fan regisseur Jos Thie komme hynders, muzyk, teater en poëzy byelkoar. Thie hat der in ôfwikseljende show fan makke troch te spyljen mei tradisjonele hynstesportûnderdielen yn kombinaasje mei poëzy en muzyk. Oan it teaterspektakel wurken mear as hûndert akteurs en musisy mei, wêrûnder Gerrit Breteler en Brigitte Kaandorp.

In wichtige rol is weilein foar Théatre du Centaure út Marseille, ûnder oaren bekend fan Oerol mei in foarstelling fan Fryske hynders, filmprojeksjes en poëzy. Ek Blythe Brown, de frou fan thrillerskriuwer Dan Brown docht mei. Sy lit har Amerikaanske show ‘Behind the mask’ sjen. Sjongeres Nynke Laverman en musikus Sytze Pruiksma fersoargje de muzyk. It dekôr wurdt foarme troch filmbylden op in byldskerm fan 8 by 40 meter.

(advertinsje)

Gedicht: Faderpaard - Tsjêbbe Hettinga

  • FADERPAARD_016_2016-12-20

Praat mar Frysk fan 10 septimber 2014 mei it gedicht Faderpaard fan Tsjêbbe Hettinga.

Oankundiging muzykteaterspektakel Faderpaard

  • FADERPAARD_017_2016-12-20

Oankundiging muzykteaterspektakel Faderpaard. Dit is útstjoerd op peaskemoandei 21 april 2014.

Fragmenten fan en ynterview oer it ferneamde gedicht Faderpaard

  • FADERPAARD_019_2016-12-20

Fragmenten fan en ynterview oer it ferneamde gedicht 'Faderpaard' fan de, yn maart 2013 ferstoarne, Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Faderpaard foarmet it útgongspunt foar it grutte muzykspektakel mei 100 Fryske hynders yn Ljouwert. Oanlieding is it 135-jierrich bestean fan de Koninklijke Vereniging "Het Friesch Paarden-Stamboek" (KFPS) yn 2014.

In grut stalen Frysk hynder op de Ofslútdyk

  • FADERPAARD_033_2017-03-27

Bynt item fan 10 jannewaris 2014: Keunstner Andy Scott (Andrew Scott) makke yn in grutte skuorre yn Glasgow al in soart proefmodel fan in grut stalen Frysk hynder fan sa'n 25 meter heech by de Ofslútdyk.

Dan Brown komt nei Ljouwert

  • FADERPAARD_034_2017-03-27

Bynt item fan 10 jannewaris 2014: Dan Brown, de best ferkeapjende skriuwer fan de wrâld, kaam fannemiddei oan yn Ljouwert. Hy komt hjir foar de show Faderpaard en de Hynstekeuring.

By de tariedings fan de premjêre fan Faderpaard

  • FADERPAARD_035_2017-03-27

Bynt item fan 10 jannewaris 2014. Tarieding premjêre teaterspektakel Faderpaard yn it WTC-Expo.

Bynt rige oer Faderpaard

  • FADERPAARD_074_2017-03-28
  • FADERPAARD_073_2017-03-28
  • FADERPAARD_072_2017-03-28
  • FADERPAARD_061_2017-03-28

Sjoch nei de fjouwer dielen fan de rige dy't Bynt makke hat oer it muzykteaterstik Faderpaard.

It Frysk hynder fan stiel komt oan by it WTC

  • FADERPAARD_062_2017-03-28

Hjoed item fan 8 jannewaris 2014. In Frysk hynder, mar dan fan stiel, is fan 'e middei by it WTC yn Ljouwert oankaam, it keunstwurk is makke troch Andrew Scott.

Oefenje mei de Fryske kwadrylje

  • FADERPAARD_063_2017-03-28

Hea! item fan 8 jannewaris 2014. Hast alle Friezen dy't in Frysk hynder hawwe, wiene it ôfrûne wykein te finen yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Want dêr waard oefene foar de muzykteatershow Faderpaard. It stik is in oade oan it Fryske hynder. Sa waard ek oefene mei de Fryske kwadrylje. Pé Miedema wie der ek. Jierrenlang wie hy belutsen by de Fryske kwadrylje. Hy docht no net mear mei. Mar dochs is hy te finen by de tariedings dizze dagen want de leafde foar it Fryske hynder sit djip.

Op 'e nij in grut teaterstik Frysk hynder yn spektakelstik Faderpaard

  • FADERPAARD_076_2017-03-28

Hjoed item fan 4 oktober 2013. Der komt op 'e nij in grut teaterstik Frysk hynder yn spektakelstik Faderpaard

(advertinsje)