Hynstekeuring 2021

Gearfetting fan de Hynstekeuring 2021

Sjoch hjirûnder nei de komplete útstjoeringen fan de Hynstekeuring 2021. In oersjoch fan alle Hynstekeuringfideo's - lykas reportaazjes út Hea - binne werom te finen yn ús Hynstekeuring-argyf.

Komplete útstjoering fan 2021

Dei 2 fan de Hynstekeuring

Dei 1 fan de Hynstekeuring

Algemien Kampioen: Jurre 495

De hynst Jurre 495 is foar de fjirde kear algemien kampioen wurden by de jierlikse keuring fan it Frysk Hynstestamboek. Reservekampioen waard Jehannes 484. De winst is opfallend, want by de striid tusken de jonge hynsten waard Jurre 495 gjin kampioen.

Yn petear mei Jelmer Chardon: hoe is it no mei Jurre 495?

Beart 411 yn Hea!

Hy wurdt dit jier al 21 jier, mar is noch altyd in topper. Dat seit eigener Rudy Rienstra oer de Fryske tophynst Beart 411. Rienstra hat Beart yn eigendom mei de bruorren Van Manen út Ede yn Gelderlân. Dêr stiet de Fries ek op stâl. De Hynstekeuring yn Drachten slacht Beart dit jier oer. It is in soad reizgjen en boppedat is der dit jier gjin publyk by troch corona. En dat hat Beart as publykshynder krekt nedich om him op syn moaist te toanen.

Anna Maaike Fokkema yn Hea!

Anna Maaike Fokkema is 24 jier en gek fan hynders. As jong famke wist Anna Maaike al dat se letter mei hynders wurkje woe. En har dream is útkaam. Se traint en fersoarget no Fryske hynders by Stal Okkema yn Britswert. Anna Maaike en har kollega's hawwe it gewoanwei yn jannewaris smoardrok mei de hynstekeuring. Troch de corona is dat dit jier oars. Se flogge no oer harren wurk sadat minsken thús ynsjoch krije yn it wurk yn in hynstestâl.

(Advertinsje)