Hynstekeuring 2019

Finale Hynstekeuring 2019

Of sjoch op YouTube nei de folsleine útstjoering fan 2019.

(advertinsje)

Bekendmakking Algemien Kampioen

It hynder Jurre 495 is sneon foar it tredde jier op rige algemien kampioen wurden by de hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek yn it Ljouwerter WTC-Expo. De reservekampioen is it hynder Marcus wurden.

Hea! op de Hynstekeuring

By tûzenen kamen se wer nei it WTC yn Ljouwert: de leafhawwers fan it Fryske hynder. Op de jierlikse hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek binne de allermoaiste hynsten yn de ring te sjen. Mar achter de skermen fan dit grutte evenemint bart der ek fan alles. Hea! luts de riidlearzen oan en seach om him hinne....

Publyksleaveling Jasper 366

Hynstekenners kenne him allegearre: Jasper 366. It populêre hynder draafde syn rûntsje op de hynstekeuring yn Ljouwert. It publyk reagearre, as altyd, hiel entûsjast.

Jasper 366

Jasper 366 is de populêrste hynst op de keuring, al jierren. Foaral yn syn beweging is hy unyk. Trainer Harry van Middelaar oer it geheim.

Jurre 495

Jurre 495 is de kampioen fan de hynstekeuring fan de lêste twa jier. Eigener en trainer Jelmer Chardon lit him net al te swier traine.

Jelle Bouma

Jelle Bouma fan Nijlân fokt al mear as fiiftich jier hynders. Ek yn de minne jierren sântich en tachtich bleaun hy de Friezen trou. Dit jier stiet hy mei syn twadde hynst ea op de keuring.

Hea! De jongste riders yn de Fryske Hynstekeuring en de Fryske Quadrille

Op de Friesian Proms en de Hynstekeuring mei se harren keunsten wer sjen litte: de Fryske Quadrille. De acht span Fryske hynders foar de sjeas ride moaie figueren op muzyk. De jongste riders by de Quadrille binne de tweintigers Annemarie Reijenga en Hendrikus ter Schure fan Ousterhaule.

(advertinsje)