Hynstekeuring 2018

Kampioenen 2018

  • Algemien kampioen: Jurre 495, reserve kampioen Menne 496
  • Kampioen âldere hynsten: Alwin 469, reservekampioen Tsjalle 454
  • Kampioen jongere hynsten: Jurre 495, reservekampioen Menne 496
  • Jurre 495 opnij kampioen by hynstekeuring
  • Eareronde en in ynterview mei de winner

It hynder Jurre 495 is foar de twadde kear op rige algemien kampioen wurden by de hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek. Yn it WTC Expo yn Ljouwert wûn de hyst lykas foarich jier de titel. Jelmer Chardon fan Jorwert is eigener fan Jurre 495.

(advertinsje)

Sjoch de keuring fan Jasper 366, ien fan de grutte favoriten fan it publyk

    Sjoch werom: Friesian Proms 2018

    • Friesian Proms 2018

    De ringmaster

    • 180115_HEA_RINGMASTER_2018-01-15

    Ringmaster Harm van der Meulen liedt alles yn goeie banen op de Hynstekeuring.

    Strune op de Hynstekeuring

    • 180115_HEA_STRUNE_2018-01-15

    Achter de skermen by de Hynstekeuring yn Ljouwert.

    Hea! by Stâl Bosma

    • Stâl Bosma

    Heit Tjibbe en soan Gaatze Bosma fan Kollumersweach binne klear foar de hynstekeuring. It hiele jier ha se hjir mei harren Fryske hynders nei ta wurke. Mar in maklik jier wie it net. Nei de keuring fan ferline jier waard Tjibbe bot siik. Hy moast yn karantêne en mocht hûndert dagen net by syn hynders yn 'e stâl komme.

    ''The greatest stallion show'' hat Fryslân

    • Fries om utens komt altyd werom foar hynstekeuring

    Hynder Keje is bêst opsette bist yn Natuurmuseum Fryslân

    • FADERPAARD_020_2016-12-20
    • Hynder Keje wint publykspriis yn Natuurmuseum Fryslân

    It hynder Keje hat de publykspriis fan it Nederlânsk kampioenskip prepareren (bisten opsetten) wûn yn Natuurmuseum Fryslân. Nei it offisjele kampioenskip, yn novimber ferline jier, binne alle stikken stean bleaun foar in grutte eksposysje en is it publyk frege om in stim út te bringen foar it bêst opsette bist.

    Dat bêst opsette bist wie Keje. Twadde waard in bloedhûn. Neffens direkteur Tom van Slooten fan it natuurmuseum is it hynder hiel goed preparearre. Keje ferhuzet ynkoarten nei it nije lânboumuseum yn Goutum.

    (advertinsje)