Hynstekeuring 2017

Kampioenskeuring âldere hynsten

Kampioenskeuring âldere hynsten.

(advertinsje)

Kampioenskeuring jongere hynsten

Kampioenskeuring jongere hynsten.

Kampioenskeuring algemien kampioen

Kampioenskeuring algemien kampioen.

Ynterview mei Jelmer Chardon

Ynterview mei Jelmer Chardon, Algemien Kampioen 2017.

Fokker fan it jier Pieter Okkema

Fokker fan it jier Pieter Okkema.

Paard van het jaar Eise 489 en winner Silver Bowl

Paard van het jaar Eise 489 en winner Silver Bowl.

Huldiging 25 jaar: Abe 346 en eigener Tjibbe Bosma

Huldiging 25 jaar: Abe 346 en eigener Tjibbe Bosma.

De hynstekeuring troch de eagen fan de eigeners fan Jasper 366.

Tsjalling de Boer is de foarbringer fan sa'n tsien dekhynsten op de Fryske hynstekeuring.

Tsjalling de Boer fan Sint-Jânsgea is de foarbringer fan sa'n tsien dekhynsten op de Fryske hynstekeuring. Hy rint foar meardere stâlen. Dit is dé dei fan it jier foar Tsjalling. It hiele jier wurket hy hjir nei ta. De adrenaline jaget him dan ek troch it liif.

Jasper 366 is de âldste hynst op de Hynstekeuring fan 2017

De dekhynst Jasper 366 is de âldste hynst dy't sneon wer meistride sil op de Fryske hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert. Jasper 366 is in wiere grutheid yn de Fryske hynstewrâld. Mar foar fokker en eigener Teake Wijma en syn dochter Baukje is it ek gewoan Jasper dy't by harren húshâlding heart. Se hoopje dat it pubyk ek dit jier wer op op 'e banken stiet at Jasper sneon op it toaniel ferskynt.

De lêste trainings foar de Friesian Proms

It is hast safier, tongersdei set it evenemint Faderpaard útein mei as hichtepunt de Fryske hynstekeuring op sneon yn it WTC yn Ljouwert. Ek op de Egberdina Hoeve yn Nijeveen rint de spanning op. Susan Bouwman traint dêr in tal Fryske hynders dy't meidogge oan it muzikale showprogramma Friesian Proms. In show mei spektakulêre acts mei it Fryske hynder yn de haadrol.

Age Okkema libbet ta nei Faderpaard 2017

Age en Marieke Okkema leveren mei harren hynsten Jehannes 484 en Tsjalle 454 de kampioen op de hynstekeuringen fan de lêste twa jier. Op harren hynstebedriuw yn Siegerswâld wurdt hurd wurke om dat keunstke dit jier nochris te werheljen.

Pieter Okkema fan Wytmarsum fertelt oer Rommert 498

Pieter Okkema fan Wytmarsum besiket al jierren om in selsfokte hynst yn it stamboek opnaam te krijen. En dit jier is dat foar it earst slagge mei Rik van de Noese Hoeve. Rik dy’t as stamboeknamme Rommert 498 krijt, sil dit jier op de keuring te bewonderjen wêze. Pieter Okkema is de heit fan Age Okkema, dy’t mei syn beide hynsten Jehannes 484 en Tsjalle 454, de leste twa jier kampioen waard op de hynstekeuring.

By de gebroeders Van Manen

De gebroeders fan Manen út Ede foarmje al jierren in begryp yn de wrâld fan it Fryske hynder. Ferskate kampioenen werûnder de tige ferneamde Beart 411 komme der wei. Mar eins binne de trije broers noch mar krekt mei Fryske hynders dwaande.

(advertinsje)