Hynstekeuring 2016

Age Okkema wint mei Tsjalle 454

Age Okkema wint mei Tsjalle 454 de kampioenskeuring fan de Hynstekeuring 2016.

(advertinsje)

Ofskied fan Norbert 444

Ofskied fan Norbert 444 tidens de Hynstekeuring fan 2016. Mei in ynterview mei eigener en fokker Jan van der Zee.

Earerûntsje Tsjalle 454

Tsjalle 454 algemien kampioen fan Hynstekeuring 2016. Hjir it earerûntsje.

Reportaazje yn Hjoed

Hjoed item fan de Hynstekeuring 2016.

Daan Pootjes fokt Fryske hynders op Skylge

Daan Pootjes is in echte Skylger. Hy wennet op de alderlêste pleats op Easterein, tsjin de Boschplaat oan, hast oan see. Hy fokt Fryske hynders. Al op syn 15e kocht hy in Fryske merje. Allinnich foar de hynstekeuring giet hy twa kear per jier nei de fêste wâl. Mar jûns is hy dan wer thús. Utsjoerd yn Hea! op 25 maart 2016.

Bob de Boer (81) hannelet yn Fryske hynders yn Amearika

Bob de Boer waard as Bareld de Boer berne yn Fryske Peallen. Doe't hy 17 jier wie emigrearre Bob mei syn âlden nei Amearika. Bob buorke oh sa goed oan de oare kant fan de oseaan en begûn Fryske hynders te ymportearen. Yntusken is Bob 81 jier en hannelet hy noch altyd yn Fryske hynders. Sa kocht hy koartlyn op de hynstekeuring yn Ljouwert tolve Fryske hynders dy't mei werom gean nei Michigan. Utsjoerd yn Hea! op 26 jannewaris 2016.

Ynterview mei de minister fan fiskerij en lânbou fan Yslân

Ynterview mei de minister fan fiskerij en lânbou fan Yslân: Sigurdur Ingi Johannson. Wat fynt hy in moaire hynder, de Yslander of it Fryske Hynder?

Famylje De Vries-Bakker fan Hylpen is Fokker fan it jier

Ynterview en priisútrikking fan de "Fokker van het Jaar" fan it KFPS. Famylje De Vries - Bakker fan Hylpen.

Stâlmaster Sijbren Reitsma

Sijbren Reitsma fan Ingwierrum hat syn hiele libben tusken de Fryske hynders sitten. Hy is al jierrenlang stâlmaster by de hynstekeuring yn it WTC Expo. Hy besiket alles achter de skermen yn goeie banen te lieden.

Rudolf hat it Fryske hynder fan ôffalhout makke.

Rudolf de Jong fan Aldhoarne hat in passy foar Fryske hynders. Hy hat der sels fjouwer. Mar no hat hy der ek noch ien yn syn wurkpleats stean. Rudolf hat dit Fryske hynder hielendal fan ôffalhout makke. Syn hynder wurdt de eyecatcher yn de hal fan it WTC-Expo by de hynstekeuring yn Ljouwert. It houten hynder moat dus op transport en dat hat noch hiel wat fuotten yn 'e ierde.

Fanút de hiele wrâld komme eigners fan Fryske hynders en leafhawwers nei it WTC ta

Hjoed item fan 14 jannewaris 2016. Yn it WTC Expo yn Ljouwert set hjoed de tradisjonele hynstekeuring útein. Fanút de hiele wrâld komme eigners fan Fryske hynders en leafhawwers nei it WTC ta om it spektakel fan tichtby mei te meitsjen. Om it foar dy minsken wat makliker te meitsjen binne der de kommende dagen twa fertalers aktyf dy't simultaan oersette wat der sein wurdt by de hynstekeuring.

Age Okkema oan tafel yn de studio

Pertear yn it programma Bynt fan 11 jannewaris 2016. Makket Jehannes 484 in kâns? It is de fraach dy't leafhawwers fan it Fryske hynder in jier lang yn de besnijing hâldt: wat is de moaiste en bêste hynst fan de wrâld? Oan tafel Age Okkema, de winner fan ferline jier. Hy jout in foarútsjoch op de jierlikse hynstekeuringen fan kommende tongersdei.

Utslach fan de sjury

De útslach fan de sjury. Winner kampioen wurdt Tsjalle 454.

Kampioenskeuring jongere hynsten

Kampioen Markus 491, reserve kampioen Nane 492.

Kampioenskeuring âldere hynsten

Kampioen Tsjalle 454, reserve kampioen Jasper 366.

Kampioenskeuring algemien kampioen

Kampioen Tsjalle 454, reserve kampioen Markus 491.

Ynterview mei Age Okkema

Ynterview mei Age Okkema,eigner en fokker Tsjalle 454 algemeen kampioen HK 2016

Ynterview mei Jelmer Chardon

Ynterview mei foarbringer Jelmer Chardon.

(advertinsje)