Hynstekeuring 2015

Beart 411 is Hynder fan it jier

Hynder fan it jier: Beart 411.

(advertinsje)

Jehannes 484 is algemien kampioen

Hjoed item fan 10 jannewaris 2015. It hynder Jehannes 484 is algemien kampioen wurden by de hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek yn it Ljouwerter WTC. Dat is ferrassend, want Jehannes is debutant op de keuring. Favoryt wie Norbert 444, mar dy is it dus net wurden. Jehannes is fan heit en soan Boot út Hillegom.

Nasjonaal as ynternasjonaal publyk op Hynstekeuring

Hea! item fan 9 jannewaris 2015. It Koninklijk Friesch Paarden Stamboek stiet wer foar in machtich moai wykein. De jierlikse hynstekeuring wurdt wer hâlden. En dat lûkt in soad minsken, sawol nasjonaal as ynternasjonaal. En ek achter de skermen is it in drokte fan belang. Mei Obe Mous, hy mjit skofhichte hynders, Anneke van den IJssel, tolk, Paul Miller, besiker út Amearika, Indiana, Lara Twele, tolk Dútsk, Martin Heck, besiker út Dútslân.

Kampioenskeuring âldere hynsten

Kampioenskeuring âldere hynsten. Jasper 366P; Beart 411; Eibert 419; Jorn 430; Jesse 435; Norbert 444; Mewes 438; Pier 448; Tsjalle 454; Anders 451.

Kampioenskeuring jongere hynsten

Kampioenskeuring jongere hynsten. Thorben 466; Hette 481; Wimer 461; Hessel 480; Jehannes 484; Jouwe 485.

Kampioenskeuring algemien

Kampioenskeuring algemien. 484 Jehannes; 480 Hessel; 454 Tsjalle; 444 Norbert.

Huldiging Ulke 338

Huldiging Ulke 338. Willem Wester, eigener Ulke 338; Obe Mous ,fokker Ulke 338

(advertinsje)