Friesian Proms

2018

  • Friesian Proms 2018

Op freed 12 jannewaris is de Friesian Proms live te sjen by Omrop Fryslân. De hynders wurde dit jier by it spektakel beselskippe troch sjonger Douwe Bob, de ferneamde Italiaanske tenoar Alessandro Safina, Elske DeWall, sopraan Belinda Vermeer en oaren. Alle artisten wurde begelaat troch it troch Theo Brouwer dirigearre ‘The Symphonic Music Connection’. Fansels trede in soad Fryske hynsten en harren beriders en menners op ûnder de Friesian Proms.

(advertinsje)

2017

  • Friesian Proms fan 13 jannewaris 2017

Op 13 jannewaris hawwe tsientallen Fryske hynders in glânzjende haadrol yn it muzikale showprogramma Friesian Proms. Omrop Fryslân stjoert dy jûn live út fan 20.30 ôf. Se diele de pyste mei sjonger Xander Buisonjé, musikalstjer Joke de Kruijf, it populêre trio O’G3NE en it muzikale en komyske duo Stenzel & Kivits. De artysten wurde begelaat troch it troch Theo Brouwer dirigearre ‘The Symphonic Music Connection’ en de jûn wurdt regissearre troch Theo Smedes.

It programma fan Friesian Proms sit fol mei hynderacts. Josh Clemens fersoarget mei syn showteam in spektakulêre Wild-West show. De Catalaan Santi Serra Camps etalearret yn it WTC syn frijheidsdressuer. Hy reizget de wrâld rûn mei shows wêryn't syn hynders en hûnen folslein frij mei him troch de piste dwarrelje.

En natuerlik trede in soad Fryske hynders, beriders en menners út ‘eigen gelederen’ op wilens Friesian Proms. Diels yn kombinaasje mei de artysten dy't harren opwachting meitsje.

2016

  • HK2016 Friesian Proms 2016

2015

  • FADERPAARD_028_2017-03-16

De jierlikse hynstekeuring fan de Koninklijke Vereniging 'Het Friesch Paarden-Stamboek' is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. Mar alle jierren is der ek in showjûn. Op freed 9 jannewaris fan 19:30 oere ôf is de pyste omboud foar de show: 'Relaasje tusken minske & hynder'. It ynternasjonale karakter fan de Fryske hynders komt ta útdrukking yn de showjûn. Dielnimmers út Súd-Afrika, Sweden, Ingelân en sels Amearika komme spesjaal foar dizze show nei Ljouwert. De kür op muzyk ûnder begelieding fan nimmen oars as Wibi Soerjadi sil bjusterbaarlik wurde. Ek Joey, it hynder út de musical 'Warhorse', komt foarby en Gerrit Breteler sjongt tegearre mei Mintsje de Boer in prachtich liet. Dat alles wurdt ôfwiksele mei túchrubriken yn ferskate foarmen, in ymposante frouljuskarrûselgroep en de jongste dielnimmer hielendal út Amearika: de tsienjierrige Erica Matherly.

Hynder Joey út de foarstelling War Horse is jûn te gast by de Fryske hynstekeuring

  • FADERPAARD_025_2017-03-16

Hjoed item fan 9 jannewaris 2015. It wrâldferneamde hynder Joey út de foarstelling War Horse is jûn te gast by de Fryske hynstekeuring yn Ljouwert. It hynder is eins in pop, en wurdt spile troch trije akteurs. Mar foardat sa'n nephynder mei echte Fryske hynders optrede kin, moatte se earst mei elkoar yn de kunde komme.

2014

  • FADERPAARD_91_2017-04-03

Sjojûn Kwardrille

2013

  • FADERPAARD_040_2017-03-27

Kompilaasje fan de showjun fan it Frysk Hynstestamboek yn it FEC yn Ljouwert op freed 11 jannewaris 2013.

Oefenje mei Griet Wiersma

  • FADERPAARD_068_2017-03-28

Hea! item fan 14 jannewaris 2012. Griet Wiersma song har meast bekinde nûmmer It Frysk Hynder dit wykein tusken de Fryske hynders op de Hynstedagen yn it WTC yn Ljouwert. Griet yn in landauer en de hynders yn de mjitte om har hinne. Dit spektakel moast fansels wol earst oefene wurde, en dêr wie it Hea! team by....

(advertinsje)