Wolkom aktiviteit yn it Provinsjehûs

Yn it ramt fan Wolkom op 'e lêste tongersdei fan 'e moanne is der op 22 febrewaris yn it Provinsjehûs in lêzing troch mefrou Anna Pot oer de fraach oft meartaligens in foardiel is om sûner âld te wurden. 

Anna Pot is ûndersykster by de Ryksuniversiteit yn Grins en docht ûndersyk nei de ynfloeden fan meartaligens op sûner âlder wurden. Se is grut wurden yn de meartalige stêd Ljouwert. 

Graach oanmelde fia wolkom@fryslan.frl  

In oersjoch fan de Wolkom-akvititeiten yn 2018 is ek te finen op: www.fryslan.frl/wolkom  

Datum/tijd: 
22 Febrewaris 2018 - 12:00
Location: 
Provinsje Fryslân
Tweebaksmarkt 52
Leeuwarden
(advertinsje)