Toanielferiening "De Harmonie"

Op 16 febrewaris 1868 waard toanielferiening "Reciteercollege De Harmonie" oprjochte, lykas de namme al seit waard der yn dy tiid (resitearre) foardroegen of in stik foarlêzen, de sprekker waard dan beoordiele op syn foardragen troch de oanwêzige leden. Wannear men yn dy tiid te let kaam op de gearkomste of de foarsitter iepene de gearkomste te let dan krige men dêrfoar in boete. Dizze jûn wie allinne foar mannen, froulju wiene net wolkom. Troch de jierren hinne is der eins net soad feroare, der is in poadium, der wurdt in ferhaal ferteld, jo wurde yn dit ferhaal meinommen en jo wolle graach witte hoe dit ôfrint. It is unyk dat in toanielferiening 150 jier bestiet, der binne wierskynlik yn Fryslân net een soad ferieningen dy dit ek sizze kinne. Fansels koe ek "de Harmonie" mindere tiden mei namme yn de earste en twadde wrâldkriich, mar yn 150 jier binne der ek een soad hichtepunten. Op in bepaald momint hie de feriening safolle jeugdleden dat der yn 1989 sels in apart bestjoer foar oprjochte waard, dizze jongeren wiene tige suksesfol en krigen dêrfoar sels profesjonele begelieding wat resulteerde yn foarstellingen troch hiel Fryslân. Ek no is de jongereien yn de Himrik noch hieltyd wichtich foar ús toanielferiening, elk jier wurdt der probearre jongeren mei te litte spiljen. De toanielferiening organisearret elts jier in play backshow foar de jongerein út it doarp en hjir wurdt de basis lein om kennis te meitsjen mei it poadium.
Op sneon 17 maart wurdt dit jubileum fierd yn M.F.C ."de Bining" te Himrik. Fanôf 16.00uur is der in resepsje en wurdt der stil stien by 150 jier "de Harmonie", dêrnei is der in breatafel foar gasten, leden en âld leden. Jûns wurd de klucht "Wa 't A Seit" spile, oanfang 20.00uur. Nei ôfrin fan de foarstelling dûnsjen nei mei de band "The Silver Threads".
Wolle by dit jubileum oanwêzich weze kinne jo je oanmelde fia:
www.dehimrik.nl
Til.nr: 0651281759

Datum/tijd: 
17 Maart 2018 - 20:00
Location: 
M.F.C. de Bining Hemrik
(advertinsje)