Talkshow mei Ids Willemsma en Foppe de Haan yn Tresoar Ljouwert

As jo keunstner Ids Willemsma en fuotbaltrainer Foppe de Haan by elkoar bringe, giet it oer it Fryske lânskip, sport en keunst. Mar it kin ek gean oer geitemolke en sÛn iten. It binne tema's dy't yn har libben in grutte rol spylje. Wat ferbynt har en hoefolle ynfloed hat it op har wurk hân? Dat freget Sippy Tigchelaar har yn in talkshow oer keunst, sport en sûn iten ôf. De talkshow is yn it Frysk en ûnderdiel fan de programmeariing om de tentoanstelling "IDS! sjen sjoch sjoen " hinne.

De jûn begjint om 20.00 oere yn Tresoar yn 'e Gysbert Japicxseal. Tusken 19.00 en 20.00 oere is der gelegenheid om earst de útstalling oer it wurk fan Ids Willemsma te besjen yn Obe op it Aldehoustertsjerkhôf, skean tsjinoer Tresoar.

Datum: tongersdei  9 maaie
Tiid: 20:00 oere
Tagong: €5,00
Oanmelde kin fia www.tresoar.nl/agenda

Datum/tijd: 
9 Maaie 2019 - 20:00
Location: 
Tresoar
Boterhoek 1
Ljouwert
(advertinsje)