Taizégebedsfiering mei presintaasje cd 'Taizé yn it Frysk' yn Jorwert

Op snein 20 maart sil yn de Redbadtsjerke yn Jorwert in Taizégebedsfiering hâlden wurde, om 16.00 oere. Nei ôfrin wurdt de cd “Taizé yn it Frysk” presintearre. In koar en muzykgroep ûnder lieding fan Jannie Brandsma hat foar dizze cd in seleksje fan 17 lieten opnommen dy ‘t yn it Lieteboek fan de tsjerken stean. Yn de fiering sille inkelde fan dizze lieten songen wurde, troch koar en oanwêzigen. Jannie Brandsma sjongt by in pear lieten in solopartij. De cd is ferpakt yn it boekje “Taizé yn Friesland”. Dêryn stean de 17 lieten mei in taljochting en ferhalen fan jongeren en groepen dy’t Taizéfieringen organisearje. Nêst de fokale cd is der in ynstrumintale (ynsjong)cd. Boekje en de beide cd’s kostje €15,- en binne útjûn by Discovery Books.

Datum/tijd: 
20 Maart 2016 - 16:00
Location: 
Redbadtsjerke Jorwert
(advertinsje)