Sjongfestival yn Ljouwert

Wa wurdt dit jier de winner fan it Sjongfestival? Freed 29 juny komme wy dat te witten, want dan wurdt de grutte finale hâlden. Dit jier is alles oars as oars, grutter en mei nije eleminten. Sa wurdt de finale hâlden op it Wilhelminaplein yn Ljouwert en hawwe de skoallen de tekst fan harren liet sels skreaun. De finale begjint om 14.30 oere op it poadium fan CityProms. Elkenien is wolkom!
It Sjongfestival wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin, Keunstwurk en Omrop Fryslân.

Yn de finale steane 6 basisskoallen út Fryslân. Dy skoallen hawwe de audysjes trochstien en meie freed 29 juny stride om de winst.

Datum/tijd: 
29 Juny 2018 - 14:30
Location: 
Wilhelminaplein ( zaailand )
Ljouwert
(advertinsje)