Omrop Fryslân live op it Fashion Wykein yn Frjentsjer

Op 6 en 7 april is Omrop Fryslân mei de radioprogramma's Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân live te finen op it Fashion Weekend yn Frjentsjer. In wykein fol moade, gesellichheid en ferskate aktiviteiten. Altyd al nijsgjirrich west nei hoe't it is om foar in kamera te stean? Underfine hoe't it is om co-host te wêzen fan Fryslân Hjoed? Kom dan nei it poadium fan Omrop Fryslân! Lykas by échte co-hosts stiet op de autocue de tekst klear. Fansels krigest tips fan Fryslân Hjoed presintator Roelof Lousma. Omrop Fryslân is der mei it spektakel fan Fryslân Hjoed en live radio op sneon- en sneintemiddei fan 13.00 oant 18.00 oere.

Datum/tijd: 
6 April 2019 - 13:00 to 7 April 2019 - 18:00
Location: 
Poadium Omrop Fryslân Frjentsjer
(advertinsje)