"Muzikaal Bootwateren" op It Amelân

It sintrum fan Hollum op it Amelân stiet sneon 15 juny wer yn it teken fan "Muzikaal Bootwateren". Rom 500 artysten, t.w. dweilorkesten en shantykoaren fertoane harren keunsten op ferskate podia ferspraad oer it doarp.

De dei wurdt ôftrape mei in lansearing fan 'e Amelânner Hynderreddingsboat. Dit fynt plak by it boathús by it Maritym Sintrum "Abraham Fock" oan 'e Oranjeweg 18 yn Hollum.

Om 18.30 oere is dan de spetterende finale en wurdt alle muzykaliteit bundele.

Location: 
Sintrum Hollum
(advertinsje)