Lêzersreuny We strûpe derûnder yn Warten

Yn gearwurking mei skriuwer Gjalt de Groot is der in barren yn de foarm fan in Lêzersreuny nei oanlieding fan it sukses fan Gjalt syn boek 'We strûpe derûnder'.

Museum Warten fertelt, krektlyk as it boek, fan it libben en lijen fan de bewenners fan de pleatsen en komelkerijen yn de Alde Feanen.

By tal fan lêzers ropt it boek ferhalen en fragen op. Dêrom dit treffen by en yn de Greidbuorkerij en de fiskerskeamer fan it Earmhûs te Warten.

Dizze dagen is oan it Hellingpaed 3-9 dan ek fan alles te beleven! Der wurde netten en fûken taant yn de âlde taantsjettel. Op in pear âlde kachels binne manlju oan it fiskbakken en Gjalt, mei syn smout praat, stiet der te ielrikjen. Ek binne der einekoerflechters. Woest altyd alris witte hoe as potstro of grauwe earten mei bret spek smakket? Dizze dagen kinst it priuwe!

Ek binne der preamtochten lâns Luctor et Emergo, Cuba, Sytze en Maaike-hússtee en al dy oare pleatsen dy't yn it boek neamd wurde. Underweis is der kofje as tee en wat te iten.

Wolst meifarre, dan is it saak om dy yntiid op te jaan, want fol is fol! Kosten foar de preamtocht binne E 10,-- en we stekke dizze dagen op meardere tiden fan wâl. Opjefte fia anneheegstra@gmail.com of 06 4697 6428.

Hiel graach oant sjen op 25 as 26 septimber o.s. fan 9.30 oant 17.00 oere op it Hellingpaed 3-9 te Warten.

Lêzersreuny We strûpe derûnder hat ek in eigen FB-side https://www.facebook.com/lezersreuny

Ynformaasje oer Ryksmonumint de Ald Fryske Greidbuorkerij en it Earmhûs beide hearend by Museum Warten is te finen op www.museumwarten.nl of op FB https://www.facebook.com/museumwarten

Datum/tijd: 
25 Septimber 2021 - 09:30 to 17:00 26 Septimber 2021 - 09:30 to 17:00
Location: 
Hellingpaed 3-9
Warten
(Advertinsje)