Jûn oer duorsume suvel yn âld-suvelstêd Boalsert

Fryslân is de meast ynnovative suvelregio fan de wrâld. De kaai fan dat súkses leit by de boeren en de suveltechnologen. Harren kunde en organisaasjekrêft joech Fryslân hieltiten wer in foarsprong. Oan de hân fan it ferline, it no en de takomst wurdt sjoen nei hoe't it stiet mei de 'Groene Generatie' op in sympoasium, dat de Fryske Akademy yn 'e âld-suvelstêd Boalsert organisearret op woansdeitejûn 7 maart.

By it sympoasium 'Groene Generatie?! Underweis nei natuerynklusive suvel' wurdt sjoen nei de skiednis fan de eardere suvelskoalle yn Boalsert. De Boalserter suvelskoalle sette út ein yn 1889 yn it hert fan de Greidhoeke en waard de widze fan de Fryske kennisekonomy. De skoalle levere generaasjes lang lieders foar de suvelyndustry.

Duorsume itensproduksje

Mei liedende persoanen út de Fryske suvelwrâld fan hjoed-de-dei wurdt foarútsjoen. Sprekkers binne ûnder mear Klaas de Jong, direkteur A-ware Hearrenfean, en Wilco de Jong, foarsitter fan it it Kollektiveberied Fryslân. 

Datum/tijd: 
7 Maart 2018 - 19:45 to 21:30
Location: 
Marne College
Skoallestrjitte 1
8701 DX BOALSERT
(advertinsje)