It Grut Frysk Diktee yn Ljouwert

It hiele Aldehoustertsjerkhôf fol mei skoalbankjes, mei minsken, jong en âld, dy´t oan it Grut Frysk Diktee skriuwe. It Grut Frysk Diktee hat dit jier in oare opset en dat betsjut dat elkenien meidwaan kin! It doel is om in rekôr oantal minsken meiskriuwe te litten oan it diktee en dat is slagge mei 680 dielnimmers. En net allinnich op it plein kinne minsken meidwaan, ek de minsken thús kinne dat. Fia www.fryskdiktee.frl kin elkenien thús it diktee meiskriuwe. It wurdt dan ek automatysk neisjoen.

It Grut Frysk Diktee is woansdei 27 juny fan 19.00 oere ôf ek live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online.

Datum/tijd: 
27 Juny 2018 - 19:00
Location: 
Aldehoustertsjerkhôf Ljouwert
(advertinsje)