Foarstelling Floed by it Woudagemaal op De Lemmer

It ferhaal fan FLOED
It Woudagemaal op 'e Lemmer fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal is noch altyd net ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal. Mare hat mar ien grutte leafde yn har libben, it wetter. Dy leafde feroaret yn in einleaze langstme nei wetter, nei mear wetter. As Mare by it Iselmar leafdesbrieven oan it wetter skriuwt, beslút Gula om it Woudagemaal út har sliep te heljen. It wetter foar it gemaal komt driigjend omheech. It gemaal begjint hieltyd hurder te draaien, mar sil it op 'e tiid wêze om Mare te rêden?
 

Tagongspriis € 22.50 ( ynklusyf kofje/tee foar oanfang )

Foar kaarten en spyldata sjoch op www.floed.nl

Datum/tijd: 
17 Septimber 2020 - 19:30 17 Septimber 2021 - 21:30 to 2 Oktober 2021 - 21:30
Location: 
Woudagemaal
Gemaalweg 1a
De Lemmer
(Advertinsje)