Film Instant Family yn Koornbeurs Frentsjer

As Pete (Mark Wahlberg) en Elli (Rose Byrne) oan in gesin begjinne wolle komme sy yn 'e wrâld fan adopsje telâne. As sy dan de rebelske 14-jierriche Lizzy (Isabela Moner) en har jongere broer en sus kennen leare kriget it stel ûnferwachts yn ien kear trije bern. No moatte Pete en Ellie de kneepkes fan it âlderskip ûnder de knibbel sjen te krijen, yn 'e hoop mei syn fiven ien grutte famylje te wurden. Hjirtroch ûntstean der net  allinnich dreche situaasjes  mar ek grappige en ûntroerende mominten.

Kaartpriis: €9,50

Datum/tijd: 
3 Maaie 2019 - 20:15
Location: 
Theater De Koornbeurs
Noord 2
Frentsjer
(advertinsje)