Dizze simmer: rûnliedings by Tresoar troch direkteur Bert Looper yn Ljouwert

Altyd alris witte wollen hoe't it der by Tresoar om en ta giet? Hokker skatten der bewarre wurde yn ús argiven? Dan is dit dyn kâns. Alle woansdeis yn augustus nimt direkteur Bert Looper groepen minsken mei troch Tresoar. Opjaan hoecht net melde by de baly is genôch. In bûtenkâns om Tresoar fan binnenút te besjen en yn ien oere tiid in yndruk te krijen wat Tresoar betsjut foar Fryslân.

Datum/tijd: 
1 Augustus 2018 - 11:00 8 Augustus 2018 - 11:00 15 Augustus 2018 - 11:00 22 Augustus 2018 - 11:00 29 Augustus 2018 - 11:00
Location: 
Tresoar Ljouwert
(advertinsje)