Bysûnder teaterprogramma yn it teken fan Nasjonale Deadebetinking yn Ljouwert

Byzûnder teaterprogramma oan 'e Oostersingel yn it teken fan Nasjonale Deadebetinking, in dûbbelprogramma fan Meeuw jonge teatermakkers en Tryater. Teater Na de Dam is in lannelik initiatyf wêrby teksten lêzen wurde om dizze dei fan in ekstra betekenis te foarsjen.

Om 18.30 oere begjint de jûn by Meeuw jonge teatermakkers, Oostersingel 70b, mei de foarstelling "We'll meet again". Nei ôfrin fan it programma wurdt om 20.00 oere 2 minuten stilte yn acht nommen.

Oanslútend wurdt om 21.00 oere by Tryater, Oostersingel 70, de teatertekst "Verloren Vader"fan 'e Belgyske skriuwer Tom Lanoye foardroechen. De lêzing wurdt regiseart troch regisseur Janneke Vader en foardroechen troch akteurs Marjolein Ley, Eelco Venema en Rik Witteveen.

Ynfo fierder: www.tryater.nl en www.meeuw-jts.nl

Datum/tijd: 
4 Maaie 2019 - 18:30
Location: 
Meeuw jonge teatermakkers
Oostersingel 70b
Ljouwert
(advertinsje)