Berjocht út Europa

751 politisy út 28 lidsteaten (meikoarten 27) yn ien grutte fergaderseal. Dat is it Europeesk Parlemint, dat, frjemd genôch, dan wer yn Straatsburch en dan wer yn Brussel byinoar komt. It liket fier fuort, mar dat is it net as je sjogge nei de ynfloed fan Europa op ús deistich libben. Of it no om de euro giet, om de motors yn ús stofsûgers of it tal kij dat in boer hâlde mei, Europa bepaalt hieltiid faker de regels. Neffens minsken dy’t der ferstân fan hawwe hat de Europeeske Uny al ynfloed op 80 persint fan de nasjonale wet- en regeljouwing. Dit ta argewaasje fan in groeiende groep Eurokritisy, dy’t fynt dat ‘Brussel’ fierstente machtich wurden is.

Der sitte ek Friezen yn it Europeesk Parlemint. Feehâlder Jan Huitema út Makkingea fan de pro-Europeeske VVD is tanksij syn kampanje op de trekker al aardich bekend. Dat jildt folle minder foar Auke Zylstra fan de tige Eurokrityske PVV. Hy komt fan De Jouwer. Zylstra hat bewûndering foar Ingelân en ‘Brexit’. As it oan him leit, krijt de Nederlânske kiezer ek de kâns om him yn in referindum út te sprekken foar of tsjin it lidmaatskip fan de Europeeske Uny. Zylstra sil foarearst net folle bekender wurde, want hy seit meastentiids 'nee' op elts fersyk om in ynterview. 

Troch ‘Brexit’, de flechtlingekrisis, de lânboukrisis en de eurokrisis is de Europeeske Uny hieltiid mear in kreakjende wein wurden, dy’t fan krisis nei krisis hobbelet. Benammen de direkte ynfloed fan Europa op it libben fan minsken en organisaasjes yn Fryslân is foar Omrop Fryslân oanlieding om ien kear yn ‘e moanne de temperatuer op te nimmen yn it Europeesk Parlemint.

(advertinsje)

27 oktober: Catalunya fiif oeren ûnôfhinklik

It soe in histoaryske dei wurde. Op freed 27 oktober stimt in mearderheid fan it Katalaanske Parlamint foar it fuortendaliks útroppen fan de ûnôfhinklike Republyk Catalunya. It is in beladen gearkomste. De politike partijen PPC (Partido Popular de Catalunya), PSOE en Ciudadanos ('boargers') boycotte de stimming, omdat se dy yllegaal fine of omdat se net kieze wolle tusken Catalunya en Spanje. De oerbleaune Katalaanske leden stimme geheim, sadat se letter net juridysk ferfolge wurde kinne. Om gjin flaters te meitsjen telt parlamintsfoarsitter Carme Forcadell de stimbriefkes twa kear, mar de útslach is dúdlik: 68 kear 'si', tsien kear 'no' en twa 'blancs'. Yn it parlamint fiere twahûndert Katalaanske boargemasters de útslach troch lûd folksliet 'Els Segadors' te sjongen. Sy steane fjouwerkant achter de ûnôfhinklikheid, safolle is wol dúdlik. Bûtendoar, op de Passeig Picasso, hawwe de demonstranten foar de ûnôfhinklikheid de triennen yn de eagen. Unôfhinklik! Wat hawwe se dêr lang op wachte. It giet om minsken fan alle leeftiden; âlderen mei herinnerings oan de diktatuer fan Franco, mar ek studinten en húshâlding mei bern. Op in grut skerm en op smartphones wurdt elk wurd en eltse stim yn it parlamint folge en fan kommintaar foarsjoen.  

Nei it beslút knalle letterlik de Cava-kurken. It komt goed út dat by de Katalaanske Arc de Triúnfo in wynbeurs geande is. Nei de geweldleaze 'revolúsje' is it tiid foar feest. Mar oaren rinne troch nei it paleis fan de Generalitat, om de nasjonalistyske presidint Karles Puigdemont te stypjen. Sy hâlde, en net sûnder reden, rekken mei in skerpe reaksje fan it regear yn Madrid. Premier Mariano Rajoy fan de Partido Popular stelt syn oanhingers net teloar. Hy stjoert it Katalaanske parlamint en it Katalaanske regear fuortendaliks nei hûs en skriuwt nije ferkiezings út foar 21 desimber. En sa giet Catalunya de nacht yn mei twa folslein útienrinnende wierheden: de nasjonalisten beskôgje Catalunya as in 'ûnôfhinklike republyk', mar foar oaren is en bliuwt it gewoan ûnderdiel fan Spanje. 

Friezen yn Barcelona: tusken twa fjoeren yn

De haadstêd fan Barcelona is sa kosmopolitysk as mar kin. Der wenje minsken út de heale wrâld en fansels ek Friezen, dy't fanwege de leafde, it moaie waar of de saaklike mooglikheden ferhuze binne nei Catalunya. De striid fan de Katalanen foar ûnôfhinklikheid is net harren striid, al hawwe se der faaks wol sympaty foar. Ald-lobbyist Wytze Russchen fan Drachten warskôget foaral foar de ekonomyske risiko's foar ûnôfhinklikheid op koarte termyn. "Bedriuwen lûke no al fuort, it toerisme sakket yn. Dit kostet wurkgelegenheid. De hurdwurkjende gewoane Katalaan kin dat net brûke." Russchen hast syn konklúzje al lutsen. Hy ferhuzet werom nei Fryslân. Ek fanwege famylje-omstannichheden, mar Russchen hat ek syn nocht fan de deistige demonstraasjes foar syn foardoar, want syn appartemint is flakby it Katalaanske parlamint. 

De fytsende stedsgids Merijn Bouma is al sûnt 2008 yn Catalunya. Hy hat hjir it súksesfolle bedriuw Tours op maat opset yn fytstoers, mei foaral in soad klanten út België, Nederlân en it bedriuwslibben. Bouma is bliid dat alle ûnrêst ûntstien is oan de ein fan it simmerseizoen en net midden yn de simmer, want dan hie it him in soad klanten koste. Lykas Russchen hat Bouma argewaasje fan beide kampen; fan it Spaanske regear likegoed as fan de Katalanen. "Se prate net mei-inoar. Se meitsje spul oer de rêch fan de gewoane minsken en dat is net goed." Bouma wyt ek wol in oplossing foar it konflikt: in twadde referindum, mar dan legaal, sadat elts him yn alle frijheid útsprekke kin foar of tsjin ûnôfhinklikheid. Je binne dan gelyk ôf fan de diskusje oft dêr no wol of gjin mearderheid foar is. "Mar dat sil Madrid wol net wolle." Bouma is gelokkich yn Catalunya mei syn Spaanske frou en harren soantsje. "Myn takomst leit hjir. Ik wol eltsenien oproppe om in kear nei Barcelona te kommen. Dat kin ek, want it leven giet gewoan troch en alle protesten binne geweldleas." 

Binne de Friezen dan net solidêr mei de Katalanen? "As it om de taal en kultuer giet, hartstikkene solidêr. Mar se drave troch, sûnder nei te tinken oer de konsekwinsjes", fynt Russchen. Bouma: "De Katalanen hawwe al in soad. Underwiis yn eigen taal, eigen media, autonomy. Se ha in soad saken goed foarinoar. Je nimme ek in risiko troch no de ûnôfhinklikheid út te roppen." 

Wat beweecht de Katalanen?

It each fan de wrâld - en ek fan Fryslân - falt op Catalunya as dêr op it referindum fan 1 oktober rake klappen útdield wurde troch de Spaanske Guardia Civil. Buro de Vries jout dêr op dy dei wiidweidich omtinken oan. Europa is yn de war; hoe is soks yn de goedichheid mooglik yn in West-Europeesk demokratysk lân? Yn Catalunya sels sleept de diskusje dan al seker in jier as sân. Yn dat jier wurdt it nije autonomy-statút foar Kataloanië ôfwiisd. De Katalanen strjibje al langere tiid nei in nei autonomy-statút mei mear foech, mar it iennichste antwurd dat se krije fan premier Rajoy is 'no'. De Katalanen beroppe har yn it foarste plak op it selsbeskikkingsrjocht, sa't dat beskreaun stiet yn it karbrief fan de Feriene Naasjes. Madrid fynt dat mar flauwekul, want neffens de Spaanske konstitúsje is it Spaanske folk 'ien en ûndielber'. In omskriuwing dy't fier ôf stiet fan de meartalige en multy-etnyske realiteit fan it moderne Spanje mei njonken Basken ek Galisiërs, Astûriërs, Berbers en Oksitanen. Dy lêste groep wennen yn de Val d'Aran, de meast noardwestlike úthoeke fan Catalunya.

De saak eskalearret as by de lêste ferkiezings yn Kataloanje de nasjonalistyske partijen PdeCat, CUP en Esquerra Republicana - in susterpartij fan de FNP - in mearderheid krije. Ynienen begjinne de nasjonalisten kânsen te sjen; as 'Madrid' gjin konsesjes docht, dan skriuwe we in referindum út! Dy taktyk pakt by Rajoy ferkeard út: "In referindum is tsjin de grûnwet en komt der dêrom net. Hy wol allinnich prate as de Katalanen ôfsjogge fan harren 'healwize en yllegale plan'. En sa ûntstiet in situaasje fan twa kampen dy't gjin sintimeter tajouwe. Yn Catalunya is trouwens in grutte mearderheid fan wol sa'n 80 % foar it hâlden fan in referindum. De minsken, Katalanen en Spanjaarden gelyk, fine dat de befolking fan Catalunya it rjocht hawwe moat om har út te sprekken oer de eigen takomst. Trochdat it Spaanske regear him bot ferset groeit by de Katalanen de stipe foar it si-kamp.

Wat beweecht dy Katalanen yn de goedichheid, freegje minsken har ôf. Sa min hawwe se it dochs net? De Fryske studint sjoernalistyk Sybrand Grasdyk ûntduts dat krekt ûnder Katalaanske jongeren in soad stipe foar ûnôfhinklikheid is en makke dêr in reportaazje oer:
Yn Barcelona binne de folgjende arguminten foar ûnôfhinklikheid te hearren:
1.) In eigen steat is dé mooglikheid om de takomst fan de eigen taal en kultuer foar altyd te fersekerjen, want yn Catalunya wurdt - fansels - it Katalaansk de earste taal.
2.) Yn Catalunya wurdt de belesting ophelle troch de Spaanske fiskus. Catalunya krijt yn ferhâlding te min werom. Madrid ynvestearret ek te min yn Catalunya.
3.) Catalunya wol de eigen maatskippij oars foarmjaan; sosjaler, bistfreonliker (bollefjochtsjen is ferbean) en progressiver, sûnder dat 'Madrid hieltiid dwers leit.  
4.) Catalunya is ryk genôch om in selsstannige lidsteat fan de EU te wurden; de ekonomy is grutter as dy fan Portugal of Tsjechië. De gewoane Katalanen krije it better.

It fjirde argumint hâldt gjin stân. De eigen diplomatike tsjinst DiploCat krijt by de fierwei de measte lidsteaten fan de Europeeske Uny - mei België as útsûndering - gjin poat oan de grûn. De EU hat gjin inkeld ferlet fan in iensidige ôfskieding fan Catalunya, sizze Juncker en ek Frans Timmermans. As dy der dochs komt, moat Catalunya fierder bûten de Europeeske Uny. Dat tsientallen bedriuwen Catalunya ferlitte wolle om net bûten de EU te fallen helpt ek net. Gewoane Katalanen, dy't hurd wurkje foar in beskieden salaris, begjinne te protteljen. We soene it dochs better krije? Tinkt presidint Puigdemont wol om ús belangen?

It komt der op del dat it Katalaanske kabinet fan Puigdemont te hurd wol. Unôfhinkik wurde dogge je net yn in pear wike tiid, want dan hawwe je in eigen paspoart nedich, in eigen munt en hannelsferdraggen mei oare lannen, yn it foarste plak mei grutte buorman Spanje. Soks is in proses fan jierren. Quebecq yn Kanada hat der alris fiif jier mei oan de gong west om oanslutend te besluten om dochs mar ûnderdiel fan Kanada te bliuwen. It oprjochtsjen fan in nije steat liket ek wol op in 19de ieusk resept foar in reëel probleem yn de 21ste ieu. Moatte we net earder ta op selsstannige regio's yn de Europeeske Uny, wêrby't steaten linkendewei minder belangryk wurde? It bliuwt fansels in feit dat miljoenen Katalanen dúdlik makke hawwe dat se hat net mear thús fiele yn it Spanje fan premier Rajoy. Minsken yn Spanje hâlde wolle troch harren te slaan is net logysk en ek it arrestearjen fan politike lieders sil dy kleau allinnich mar grutter meitsje. In polityk probleem freget om in politike oplossing; je ferskûlje achter ferâldere wetten en rjochters bringt dy oplossing net tichterby.

26 septimber: Deputearre Steaten tekenje it Minority SafePack Initiative

Op de Europeeske Taledei, op tiisdei 26 septimber, ûndertekenje Deputearre Steaten fan Fryslân it Europeeske boargerinisjatyf Minority SafePack MSPI. Sy dogge dat op fersyk fan minderhede-organisaasje FUEN, dy't yn 2018 yn Ljouwert har jierkongres hâldt. Dizze koarte seremoanje yn it Huis der Nederlandse Provinciën yn Brussel lûkt mar leafst fiif Europarlemintariërs. Njonken Jan Huitema binne dat de Hongaarske Kinga Gál, ien fan de foarsitters fan de Intergroup Minorities, de Súdtiroler Herbert Dorfmann, Iuliu Winkler út Roemenië en de Slowaak Pál Csáky. De East-Europeeske Europarlemintariërs stelle de Fryske ûndertekening tige op priis. It MSPI liket oant no ta benammen oan te slaan yn Roemenië, Hongarije en Eastenryk, dat stipe yn West-Europa is mear as wolkom. By de fiif neamde Europarlemintariërs bliuwt it net. Yn it Europeesk Parlemint treft kampanjelieder Frank de Boer ek noch de Twentse Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik, dy't fuortendaliks entûsjast it SafePack ûnderskriuwt. 

It is it kommende heal jier der op of der ûnder foar it Europeesk boargerinisjatyf. Der moatte begjin april ien miljoen jildige út de 28 lidsteaten lizze. Op de dei dat dizze blog skreaun wurdt binne der op de kop ôf 13.650 hantekens set en dat is noch gjin 1,4 % fan it oantal dat nedich is. Dêrnjonken is foar eltse lidsteat in drompel fêststeld. Foar Nederlân is dy drompel 19.500 hantekens. Wat by de statistyske gegevens opfalt is dat de aksje oant no ta net of mar amper stipe wurdt yn lannen as Frankryk, Spanje en it Feriene Keninkryk, dêr't dochs in soad sprekkers fan minderheidstalen wenje. It slagget FUEN blykber oant no ta mar min om ek Basken, Skotten en Bretonnen te motivearjen om mei te tekenjen. It doel fan it MSPI is in goed Europeesk belied foar it hoedzjen en noedzjen fan alle minderheidstalen. De Europeeske Uny hat op dit stuit eins gjin belied, en ek gjin finansjele stipe foar dat doel en de inisjatyfnimmers wolle dat dat gau feroaret. 

 

25 septimber 2017: in Frysk feestje yn Brussel

Oan de lokaasje lei it yn alle gefallen net: de histoaryske Solvay-biblioteek yn it Leopoldpark yn Brussel leit flak achter it Europeesk Parlemint. It gebou wie op 25 septimber ôfhierd foar de alderearste Fryslân-resepsje yn Brussel, dy't organisearre waard mei as tema 'Fryslân, Pioneer in the circular economy'. Sprekkers op de byienkomst wiene kommissaris Arno Brok, Europarlemintariër Jan Huitema, deputearre Klaas Kielstra, Martin Winters foar de kulturele haadstêd en de nagelnije direkteur fan Circulair Fryslân, Houkje Rijpstra. Op it programma ûntbruts lykwols de namme fan in Brusselske 'topper', dêr't Europarlemintariërs en Brusselske amtners graach harren bûsboekje foar leechmeitsje en dat wie te fernimmen. 

De organisaasje fan de Fryslân-resepsje hat trouwens wol besocht om in Europeesk kommissaris nei de earste Fryslân-resepsje te heljen. Lânbou-kommissaris Phil Hogan fielde der bygelyks wol foar, mar koe him net frijmeitsje op 25 septimber. Itselde jilde foar syn kollega's Frans Timmermans en Jyrki Katainen út Finlân. Boppedat wiene der op 25 septimber ferskate konkurrearjende eveneminten lykas de moanlikse 'Landbouwborrel' fan de lânbouspesjalisten. Annie Schreijer-Pierik iepene, op eksakt deselde dei en tiid, in grientekas yn it Europeesk parlemint om de Nederlânske griente- en fruittylt te promoatsjen. Koartsein; in prominint plak op de Brusselske eveneminte-aginda feroverje je net samar. 

Sûnder oansprekkende namme op it programma bleau de belangstelling foar de byienkomst beheind oant sa'n 60 oant 70 minsken. Fan de 751 Europarlemintariërs namen mar twa de muoite om nei de Solvay biblioteek te kommen; Jan Huitema en syn CDA-kollega Wim van de Camp. De byienkomst luts fierder foaral Brusselske Friezen, in hantsjefol steateleden, mar ek fertsjintwurdigers fan ferskate Europeeske regio's en NGO's, dy't benammen nijsgjirrich wiene nei it tema 'sirkulêre ekonomy'. De minsken dy't der wiene joegen de thúsbliuwers ûngelyk. De byienkomst waard nijsgjirrich fûn en fan goed nivo en ek it neipetear wie smûk en hiel libben. "Ik bin grutsk op dizze Fryske presintaasje. Wy moatte hjir foaral mei trochgean", sei FNP-steatelid Corlienke de Jong nei ôfrin. Mar har PVV-kollega Cees Riezebos tinkt dêr hiel oars oer. "Om my hoecht it net wer, dit kostet ek allegearre belestingsinten." Jan Huitema en Wim van de Camp binne fan betinken Fryslân him foaral net ûntmoedigje litte moat. "Ik vind dat Fryslân hier pas redelijk laat mee begint, als je dat vergelijkt met wat Brabant in Brussel neerzet", seit Van de Camp. Huitema: "Dit wie de earste kear. Gewoan mei trochgean, je moatte soks opbouwe."

2 july: "Opsizzen fiskakkoart troch Grut-Betanje is ramp foar Nederlânske fiskers"

It Britske beslút om it Europeeske fiskferdrach út 1964 iensidich op te sizzen kin wolris útdraaie op in ramp en falliseminten foar de Nederlânske fiskerij. Dat seit foarsitter Johan Nooitgedagt fan it Nederlânske fiskersbûn. Grut-Brittannië ferbiedt fiskers út de buorlannen om tenei tichter as 12 myl by de Ingelske kust te kommen. Mar de Britse miljeuminister Michael Gove wol noch folle fierder gean. Hy wol bûtenlânske - en dus ek Nederlânske - fiskers ek ferbiede om op it Ingelske kontinentale plat, in sône oant 200 myl út de Ingelske kust, te kommen.

As dat trochgiet is de helte fan Noardsee ôfsletten foar de Nederlânske fiskers. Der gefolgen dêrfan neamt Johan Nooitgedagt 'ferskriklik'. "Sa'n sectich oant santich persint fan ús fisk komt út dat diel fan de Noardsee", fertelt Nooitgedagt. "It giet om mear as de helte fan alle tong, skol, hjerring en makreel. As we tenei alles fan it Nederlânske diel helje moatte wurdt it dêr wol hiel drok." Nooitgedagt is der fan oertsjûge dat it op it Nederlânske diel net slagje sil om it kwotum fol te fiskjen.

De fiskers yn Ingelân binne wol bliid mei it beslút fan harren regear. Sy krije te hearren dat it Ingelske wetter tenei net mear leechfiske wurdt troch bûtenlanners.

"It is wer hielendal Brittania rule the waves", seit Nooitgedagt dêroer. "Mar harren eufory is ús fertriet." De Europeeske Uny en ek it Nederlânske regear moatte alles op alles sette om te foarkommen dat nei de sône fan 12 myl ek it Ingelske kontinentale plat ticht giet foar bûtenlânske fiskers", seit de foarsitter fan it fiskersbûn. 

11 juny: Frysk op de pleats yn Makkingea

VVD-Europarlemintariër Jan Huitema is 'net ûnder de yndruk' fan de oprop fan foarsitter Tajani fan it Europeesk Parlemint om gjin taspraken yn 'net-offisjele' talen as it Frysk te hâlden. De yntergroep 'Minorities' yn it parlemint, dêr't Huitema lid fan is, hie hjir yn maaie al ôfspraken oer makke mei it kabinet fan Tajani. "Ik fyn it in eare om as earste in taspraak yn it Frysk te hâlden", seit Huitema. De feehâlder-politikus hat der krekt aardichheid hân om de taal fan thús ek in kear yn it Europeesk Parlemint klinke te litten. "No't it net mei, doch ik it seker. Dêr binne je Fries foar, no?" De groep Europarlemintariërs dy't speeche sil yn in minderheidstaal wurdt wol in stik lytser troch de wegering fan Tajani. Eltse politikus dy't dat wol, moat hjirfoar in saneamde 'One minute speech' oanfreegje oer in polityk aktuele kwestje.

12 juny: en Frysk, Katalaansk, Baskysk en Galisysk yn it Europeesk Parlemint

It is it alderlêste agindapunt op moandei 12 juny: de 'One minut speeches' fan Europarlemintariërs. Foarsitter-fan-tsjinst Pavel Telicka warskôget yn't foar: "Ik wyt dat guon fan jimme fan doel binne en sprek yn oare talen as de offisjele wurktalen fan it parlemint. Ik wol jimme mei klam freegje om dat net te dwaan.'' De oprop helpt net, want de Katalaan Francesc Gambús set mei faasje útein yn it Katalaansk. "Ik wyt dat ik net oerset wurdt, mar ik haw it rjocht om te sprekken yn de taal fan myn kar", seit de man. Telicka leit him oanslutend mei in sucht del by taspraken yn it Baskysk en Galisysk. De taspraken yn minderheidstalen wurde lykwols net oerset en allikemin notulearre.

Jan Huitema kin sûnder problemen syn taspraak fan ien minút ôfstekke oer de Fryske taal en identiteit, oer Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân en oer it feit dat ien op de tsien Europeanen in minderhiedstaal praat. Alhoewolt de tolken it fersyk krigen ha om de taspraken yn minderheidstalen te negearen, besiket de Ingelske tolk dochs om Huitema oer te setten yn it Ingelsk. It bûter, brea en griene tsiis oan de ein fan Huitema's ferhaal giet de man lykwols krekt wat te fluch. Huitema is blliid, want syn earste Fryske taspraak krijt in soad omtinken. It Europeesk Parlemint is minder bliid. Offisjeel meie allinnich talen brûkt wurde dy't troch lidsteaten oanmeld binne as offisjele taal. "Het klinkt misschien leuk, zo'n Friese speech, maar het is tegen de regels", seit wurdfierder Marjory van den Broeke fan it Europeesk Parlemint. "We hebben het wel over een officiële plenaire vergadering van het Europees Parlement, niet over een achterafzaaltje."

13 juny: Kulturele Haadstêden moatte 'sosjaler' wurde

It Europeesk Parlemint hat besletten om ek nei 2020 troch te gean mei de Kulturele Haadstêden, mar komt wol mei strangere easken oan dy takomstige kulturele haadstêden. Dat is de útkomst fan in krityske evaluaasje fan it kulturele haadstêd-programma troch de kultuerkommisje fan it Europeesk Parlemint. It parlemint wol graach troch mei kulturele haadstêden omdat dy der oan bydrage dat de boargers fan de Europeeske Uny inoar better kennen leare. Boppedat is it in goed middel om de 'kulturele rykdom en it kulturele ferskaat' fan Europa te presintearjen.

It parlemint hat ek konstatearre dat guon kulturele haadstêden de nedige problemen hawwe en komt dêrom mei nije easken oan de organisaasje - de saneamde governance - en it programma. De Kulturele Haadstêden fan de kommende fyftjin jier moatte in transparante organisaasje hawwe en in programma fan Europeesk belang, dêr't ek groepen dy't yn in achterstânssituaasje sitte oan meidwaan kinne. It programma moat boppedat ek bydrage oan in 'duorsume ûntwikkeling' fan de kulturele haadstêd op langere termyn.

De kulturele haadstêden wurde tenei seis jier yn't foar oanwiisd en yn de tiid dêrnei geregeld kritysk evaluearre. It duorret noch even foardat Nederlân - nei Ljouwert 2018 - wer oan bar is. Dat is pas yn it jier 2033 it gefal. Njonken lidsteaten fan de Europeeske Uny meie ek buorlannen dy't mei Europa gearwurkje geregeld in kulturele haadstêd leverje.

De nije easken foar de Kulturele Haadstêden hawwe gjin gefolgen foar Ljouwert-Fryslân 2018, want it oanskerpe belied jildt pas fanôf 2020. De Kulturele Haadstêden nei 2020 sille it net maklik krije, want it budzjet foar it programma giet nei alle gedachten omleech, fertelt Europarlemintariër Liadh Ní Ríada út Ierlân. Omdat de lêste jierren relatyf lytse stêden - lykas Ljouwert - útroppen wurde ta kulturele haadstêd is foar har oanlieding om nei it draachflak te sjen. "Faaks is it better om de formule oan te passen en gjin stêden, mar regio's út te roppen ta Kulturele Regio fan Europa."

Fierder is Ní Ríada fan betinken dat foaral de earmere dielen fan de befolking profitearje moatte fan it Kulturele Haadstêd-programma. "As je in projekt útfiere yn in working class-gebiet, hat dat folle mear effekt as wannear je dat dogge mei minsken mei in midden of heger ynkommen. De lêste groepen hawwe ek no al alle mooglikheid om mei kultuer dwaande te wêzen. De earmere groepen hawwe dat folle minder." As Europa mienskipsjild ynvestearret yn kultuer moatte foaral groepen yn in achterstânssituaasje dêrfan profitearje, sa is de redenaasje.

Liadh Ní Ríada die op 12 juny - lykas Jan Huitema - ek mei oan de aksje fan Europarlemintariërs dy't in taspraak holden yn in 'net-offisjele' EP-taal. Ní Ríada hie dêrby gjin problemen. It Gaelic is de earste offisjele taal fan Ierlân en wurdt om dy reden gewoan notulearre troch it Europeesk Parlemint en ek oerset yn de 23 oare offisjele wurktalen. Sy hat ek it rjocht om op plenêre gearkomsten altyd Gaelic te praten, mar is faak de iennichste dy't fan dy mooglikheid gebrûk makket...... 

18 maaie: Plan foar Fryske en Twentse taspraak yn it Europeesk Parlemint

Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea sil op 12 juny in Fryske taspraak hâlde yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. Op dy dei bestiet it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa 25 jier. Om dêr by stil te stean krije de Europarlemintariërs dy't in minderheidstaal prate foar ien kear de mooglikheid om yn dy taal in taspraak te hâlden.

Yn de Europeeske Uny praat sa'n tsien persint fan de befolking in minderheidstaal. Dy talen lykas it Frysk, it Nedersaksysk of it Baskysk moatte je koesterje, fynt Huitema. Hy wie dêrom gelyk te finen foar it idee fan in Fryske taspraak. Ut Nederlân sil njonken Jan Huitema (VVD) ek Annie Schreijer-Pierik fan it CDA oan de aksje meidwaan. Sy sil it EP tasprekke yn it Twentsk.

In aksje fan de yntergroep minderheden en de Ried fan Europa

Huitema en Schreijer binne beide lid fan de yntergroep minderheden fan it EP. Dêr binne mei-inoar 61 Europarlemintariërs by oansletten. Dizze yntergroup komt alle moannen op in tongersdeitemoarn byinoar yn Straatsburch. De yntergroep hat trije foarsitters: Nils Torvalds (ALDE), in Sweedsktalige Fin, Kinga Gál (EPP), in Hongaarske út Transsylvanië en Josep-Maria Terricabras (EFA), in Katalaan. 35 leden fan de yntergroup hawwe al oanjûn dat se graach gebrûk meitsje fan de mooglikheid om it parlemint yn de eigen (minderheids-)taal ta te sprekken.

Foar de aksje hoecht it Europeesk Parlemint gjin aparte tolkekabines yn te rjochtsjen foar it Frysk, Baskysk of Nedersaksysk. Europarlemintariërs dy't yn in minderheidstaal prate wolle, wurdt frege om yn it foar ek in oersetting oan te leverjen yn in offisjele Europeeske wurktaal. Foarsitter Tajani fan it Europeesk Parlemint hat ynformeel al grien ljocht jûn foar de taspraken yn minderheidstalen, mar de formele befestiging lit noch op him wachtsje.

It Europeesk Parlemint hat ornaris 24 wurktalen. It giet om de offisjele talen fan alle 28 lidsteaten fan de Europeeske Uny. It giet dan om grutte talen as it Frânsk, Dútsk, Spaansk en Ingelsk, mar ek om folle lytsere talen as it Malteesk, it Iersk en it Estysk. Op 12 juny komt dêr dus noch in searje talen by, wêrûnder it Frysk, it Katalaansk en it Twentsk.

(advertinsje)