Twadde Keamerferkiezingen 2021

Op woansdei 17 maart mocht hiel Fryslân wer nei de stimbus om de nije leden fan de Twadde Keamer te kiezen. By Omrop Fryslân wie der folop omtinken foar al it ferkiezingsnijs mei ek petearen mei in grut tal lanlike listlûkers yn It Polytburo, Fryske Keamerkandidaten yn Buro de Vries en eftergrûnferhalen.

In grut tal lanlike listlûkers skoot oan yn ekstra lange edysjes fan It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân. Mei listlûkers Lilian Marijnissen (SP), Lilianne Ploumen (PvdA), Wopke Hoekstra (CDA), Mark Rutte (VVD), Esther Ouwehand (Partij voor de Dieren), Gert-Jan Segers (ChristenUnie), Thierry Baudet (Forum voor Democratie), Kees van der Staaij (SGP) en Sigrid Kaag (D66). Sy sitte oan tafel by presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema.

Fryske Keamerkandidaten foar de ferkiezingen komme oan it wurd yn by Omrop Fryslân it radioprogramma Buro de Vries. Tal fan harren binne te gast by it Nijsfoarum fan it programma.

(Advertinsje)

Mear nijs oer Twadde Keamerferkiezingen 2021

Pagina's