SC Hearrenfean 100 jier: in wike lang omtinken

De bal rôlet net, mar der bliuwt genôch te fertellen oer SC Hearrenfean. De klup bestiet dit jier 100 jier en dat fiere wy by Omrop Fryslân.

Fan moandei 13 july ôf sjogge wy in wike lang werom op bysûndere mominten út de histoarje fan SC Hearrenfean. De goal fan Popovitsj dy't de klup in ticket nei de Champions League besoarge, de sân goals fan Afonso Alves en de earste promoasje nei de Earedifyzje yn 1990. De nostalgyske reportaazjes binne alle dagen te hearren en sjen yn Weistra op wei, Fryslân Hjoed en online.

Meitsje kâns op it jubileumboek
Yn de oanrin nei de jubileumwike komt der alle wiken in nije podcast online oer in ikoanyske wedstriid út it ferline. Alle podcasts binne te finen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Fan 13 july ôf is ek alle dagen it jubileumboek sc Heerenveen 100 jier te winnen by Omrop Fryslân. Harkje dêrfoar nei 92.2FM en meitsje kâns!

Fryslân DOK oer Riemer van der Velde
Snein 19 july wurdt de dokumintêre Ofskied fan in machtich man oer Riemer van der Velde werhelle. De dokumintêre is om 17.00 oere te sjen en dêrnei alle oeren. Nei de dokumintêre is in registraasje fan it spektakelstik fan Abe Lenstra te sjen.

(advertinsje)

Mear nijs oer SC Hearrenfean 100 jier: in wike lang omtinken

Pagina's